Ferskil tusken ferzjes fan "Wetterskip Fryslân"

(red)
It hjoeddeiske Wetterskip Fryslân waard yn 2004 foarme, mar hat in skiednis dy’t al yn de [[midsieuwen]] begjint.
 
==== Untstean ====
Fan de [[10e ieu|tsiende ieu]] ôf waard Nederlân op grutte skaal [[Fean (grûnsoarte)|fean]] ôfgroeven om te foarsjen yn it branjeferlet fan in sûnt dy tiid sterk tanimmende befolking. Dit hie [[boaiemdaling]] ta gefolgen, dy’t noch fuortsterke waard troch [[Ynklinken|ynklinking]] fan it oerbleaune fean. Dêrtroch ûntstie behoefte ta gearwurking om it lân tsjin de see te beskermjen en it wetter doelmjittich ôf te fieren. Ek yn Fryslân barde dizze ûntwikkeling. Yn it earstoan wie wetterbehear dêr in ferantwurdlikheid fan de [[gritenij]]en, mar sûnt de midsieuwen ûntstienen mei dat doel selsstannige organisaasjes, dy’t har letter ta wetterskippen ûntwikkelje soenen. De earste foarrinder fan in wetterskip waard yn [[1680]] troch de [[Steaten fan Fryslân]] ynsteld. Dizze saneamde ''seedykkontribúsje'' moast tasjen op de beskerming tsjin de see fan de by [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] lizzende [[Tjaard fan Aylvapolder]]. Oant 1815 ûntstienen yn Fryslân yn totaal tsien seedykkontribúsjes, sirka 55 [[polder]]s en trettjin [[droechmakkerij]]en.
 
==== Dykwetterskippen ====
Yn de [[Nederlânske Grûnwet|Grûnwet fan 1848]] waard bepaald, dat de wetterskippen tenei ferantwurdlik wêze soenen foar de [[wettersteat]]soarch en dat de provinsjes dêrop tafersjoch hâlde moasten. De provinsje Fryslân fierde hjirnei nije regleminten yn foar alle seewarrende wetterskippen, de saneamde [[dykwetterskip]]pen. Ek feroare se de wize wêrop de wetterskipsbelestingen heft waarden. Yn de desennia dêrnei foege de provinsje boppedat inkele dykwetterskippen gear. Yn 1892 stelde se foar de seewarrende in algemien reglemint fêst, wêryn ûnderwerpen as it foech fan it wetterskipsbestjoer en syn ferkiezing fêstlein waarden. Dit reglemint waard dêrnei op mear wetterskippen fan tapassing ferklearre. It heechste bestjoersorgaan fan in wetterskip wie óf in ''kolleezje fan folmachten'' (dy’t de stimgerjochtige grûneigeners fertsjintwurdigen), of in ''[[Yngelân|gearkomst fan yngelannen]]'' (dizze grûneigeners sels).
 
==== Feanpolders ====
Neist de seewarrende wetterskippen ûntstienen yn Fryslân ek [[binnendyks]]e wetterskippen. Dêrta hearden de saneamde [[feanpolder]]s. Dizzen kamen healwei de [[19e ieu]] ta stân as in gefolch fan de wize wêrop yn dy tiid ferfeante waard. Troch it ôfgraven fan [[Fean (grûnsoarte)|leechfean]] gie lân ferlern, mei ta gefolgen hie dat de lokale befolking ferearme. It Ryk ferplichte dêrom yn 1822 ferfeanters om it gebiet dat se ôfgroeven hienen dêrnei ek droech te lizzen. De kosten hjirfan moasten troch harren sels opbrocht wurde yn de foarm fan ''slyk- en earmenjilden'', in belesting dy’t oer de oanmakke [[Turf (brânstof)|turf]] heft waard. Mei de opbringst hjirfan waard ek de earmoede bestriden. De ferfeanters, dy’t mienden dat in winst opsmitende eksploitaasje hjirtroch ûnmooglik waard, protestearren tsjin dizze regeling en waarden d6eryn stipe troch de provinsje.
 
Doe’t om 1850 hinne de provinsje Fryslân it needsaaklik achte om in tal feanterijen droech te lizzen, waarden de feanpolders oprjochte. Dizzen waarden net lykas de wetterskippen kontrolearre troch de grûneigeners, mar troch [[Deputearre Steaten]] fan Fryslân, wêroan de polderberstjoeren foar in soad hannelingen tastimming freegje moasten.
 
==== Boezemwetterskippen ====
[[Image:Provfriesland.gif|right|thumb|180px|Fryslân yn 1868]]
In oare kategory binnendykse wetterskippen wienen de saneamde [boezemwetterskip]]pen. Dizze waarden yn Fryslân benammen nei 1875 oprjochte, neidat yn de rin fan de [[19e ieu]] hieltyd mear [[Boezem (wetter)|boezemlân]] foar de lânbou ynpoldere wie. De ynstelling fan dizze wetterskippen waard oanmoedige troch de provinsje, dy’t hjiryn in goede manier seach om de wetterbehearsking te ferbetterjen. Boezemwetterskippen moasten leechlizzende stikken lân bedykje en sa beskermje tsjin hege [[Boezem (wetter)|boezemwetterstannen]]. Ek waarden se ferantwurdlik foar it bemeallen fan dizze gebieten. It heechste bestjoersorgaan fan in boezemwetterskip wie de gearkomste fan yngelannen, dy’t meast ienkear yn it jier gearroppen waard. De deiske gong fan saken wie yn hannen fan in bestjoer, dat troch de yngelannengearkomst beneamd waard.
 
==== Fúzjes ====
By de provinsje groeiden yn de rin fan de [[20e ieu]] stadichoan mear beswierren tsjin it grutte tal wetterskippen yn Fryslân, hoewol’t om 1958 noch altyd in tredde part fan de provinsje by gjin inkel wetterskip hearde.
 
56.994

bewurkings