Ferskil tusken ferzjes fan "Fryske Frijheid"

1.132 bytes grutter ,  13 jier lyn
noch wat wurk dien, oarsaak en gefolch fierder útwreide (fan nl)
(wat oan it artikel wurke)
(noch wat wurk dien, oarsaak en gefolch fierder útwreide (fan nl))
De '''Fryske frijheid''' wie de útsûnderingsposysje fan [[Fryslân]] yn it feodale Jeropa fan de [[midsieuwen]]. Dizze frijheid ûntwikkele harren op it ein fan de [[11e ieu]].
 
==BegjinIt en oarsaakûntstean==
Yn de [[Karolingen|Karolingyske]] tiid wie it regel dat it ryk opdield wie yn lytse gebieten (ek wol [[goa|goaën]] neamd), dy't bestjoerd waarden troch in hear. Foar it meastepart waardenwienen dy gebieten bestjoerddat troch [[greve|greven]], dy't harren, úteinlik, ferantwurdzje moasten foar in kening. By de [[Friezen]] wie dat op in bepaald stuit lykwols oars net langer mear de regel. Sy bestjoerden harsels, en de ienige hear dy't oer harren stie, wie de kening sels.
 
Oft dyselde situaasje ek gou foar de [[Romeinen yn Fryslân|Romeinske tiid]] is net dúdlik. Wol skriuwe de Romeinske boarnen al oer de Friezen as in folk dat yn minne omstannichheden libbet, mar de seinings fan it Romeinske ryk net wol, om't it dy betelje moat mei syn frijheid.
De deaslach op greve [[Arnulf]] yn [[993]] liket it earste teken fan de ''Libertas'' fan de Friezen. Dizze Fryske greef sneuvele doe't er probeare de opstannige ûnderdienen fan him ta hearrigens te twingen. De moard op in oare greve [[Hindrik de Fette]] yn [[1101]] wurdt sjoen as it feitlik begjin fan de ''Fryske frijheid''. Dy Frijheid waard yn alle gefallen op 3 novimber [[1248]] troch de kening fan it [[Hillige Roomske ryk]] [[Willem II fan Hollân|Willem II]] oan de Friezen jûn. Dat die hy neidat er help krige hie fan de Friezen by it belis fan de stêd [[Aken (stêd)|Aken]]. Yn [[1417]] waard dat op 'e befêstige troch keizer [[Sigismund fan it Hillige Roomske Ryk|Sigismund]] dy't Fryslân ta ''ryksonmiddellijk'' gebiet ferkleare. Dêr stjit tsjinoer dat oare keizers Fryslân yn lien jûn hawwe, bygelyks [[Lodewijk IV fan it Hillige Roomske Ryk|Lodewijk IV]] oan de grêven fan [[Hollân]].
 
Neffens lettere skriuwers soe de frijheid ôfkomstich wêze fan it saneamde [[KarelsprivilegeKarelsprivileezje]] dat [[Karel de Grutte]] oan [[Magnus Forteman]] jûn hie, as beleanning foar de oermastering fan Rome. Ferskate boarnen meitsje fan dat [[Karelsprivileezje]] of de Magnuskerren gewaach. It orizjineel is fuort rekke, neffens guon ynmetsele yn de muorre fan in Tsjerke. Nei alle gedachten dy fan [[Almenum]], [[Ferwâlde]] of [[Aldeboarn]].
 
It ûntbrekken fan in lânshear betsjutte dat er ek gjin sintraal bestjoer bestie. Benammen foar de wetjouwing en rjochtspraak, dy't yn de midsieuwen noch net dudlik fan inoar skieden wienen, wie dat slim. Om dat gât op te follen waard lykwols besocht om foar it hiele gebiet fan de Friezen regels fêst te lizzen. Ut ferkate omkriten kamen dêrfoar ôffeardigers geregeldewei by inoar by de [[Opstalbeam]] bij [[Aurich]]. Letter waarden ek gearkomsten hâlden yn de stêd [[Grins]].
 
Neast de regelings fan de Opstalbeam waard ek besocht tebek te gripen oom werd ook getracht terug te grijpen op ''oud'' recht lykas dizze fêstlein wienen yn de [[17 Kêsten en 24 Lânrjochten]]. In slim probleem bleau lykwols de útfiering fan it rjocht. Faak wie der wol oerienstimming oer de ynhald fan it rjocht, mar stuite it ôftwingjen fan dat rjocht op swierichheden. As in wichtich man him net by de útslach fan in útspraak dellizze woe dan ûnbruts de middelen om him dêrta te twingen.
 
In oar gefoch troch it ûntbrekken fan in effektyf gesach wienen de twisten dy't betiden tusken guon groepen, bygelyks dy tusken de [[Skieringers en Fetkeapers]].
 
==Ein==
Oan de ein fan de [[Midsieuwen]] wie Fryslân yn alle gefallen wichtich genôch dat der in eigen groep fan [[eallju]] yn ûntstie, en dat ek de eallju fan bûten har each der op rjochten. Op himsels wie mei dy eigen Fryske eallju de frijheid al foar in grut part ferdwûn, mar as de formele ein fan de Fryske frijheid wurdt it gearkommen fan dy twa groepen ealju sjoen. Foar 1500 wienen de Fryske eallju al ûnderdiel wurden fan it feodale systeem, trochdat se sels feodale titels oannamen, of troch bûtenlânske machthawwers oerwûn waarden.
 
==Hjoeddeiske betsjutting==
Sûnt dy tiid libbet der in sterke tradysje yn Fryslân fan de ferlerne Fryske frijheid. Mar it byld dêrfan feroaret dúdlik mei it feroarjen fan de tiden. De hjoeddeiske wearde fan dy frijheid leit dan ek net yn it weromsjen nei in tiid dy't mear as fiif ieuwen tebek leit, mar mear as symboal fan de [[Friezen]] as selsstannich folk. Wat dy frijheid betsjut, hinget dêrmei ôf fan hoe't men dat folk telt.
 
19.956

bewurkings