Ferskil tusken ferzjes fan "Fryske Frijheid"

(noch wat wurk dien, oarsaak en gefolch fierder útwreide (fan nl))
As wichtichste oarsaak foar it ûntstean fan dizze frijheid wurdt wol sjoen de frijmoedigens tsjinoer de lânshearen dat harren stadichoan ûntwikkele en op it ein fan de [[11e ieu]] as gefolch fan de hieltyd werom kearende twisten oer de greeflike rjochten.
 
De deaslach op greve [[Arnulf]] yn [[993]] liket it earste teken fan de ''Libertas'' fan de Friezen. Dizze Fryske greef sneuvele doe't er probeare de opstannige ûnderdienen fan him ta hearrigens te twingen. De moard op in oare greve [[Hindrik de Fette]] yn [[1101]] wurdt sjoen as it feitlik begjin fan de ''Fryske frijheid''. Dy Frijheid waard yn alle gefallen op 3 novimber [[1248]] troch de kening fan it [[Hillige Roomske ryk]] [[Willem II fan Hollân|Willem II]] oan de Friezen jûn. Dat die hy neidat er help krige hie fan de Friezen by it belis fan de stêd [[Aken (stêd)|Aken]]. Yn [[1417]] waard dat op 'e befêstige troch keizer [[Sigismund fan it Hillige Roomske Ryk|Sigismund]] dy't Fryslân ta ''ryksonmiddellijk'' gebiet ferkleare. Dêr stjit tsjinoer dat oare keizers Fryslân yn lien jûn hawwe, bygelyks [[LodewijkLoadewyk IV fan it Hillige Roomske Ryk|LodewijkLoadewyk IV]] oan de grêven fan [[Hollân]].
 
Neffens lettere skriuwers soe de frijheid ôfkomstich wêze fan it saneamde [[Karelsprivileezje]] dat [[Karel de Grutte]] oan [[Magnus Forteman]] jûn hie, as beleanning foar de oermastering fan Rome. Ferskate boarnen meitsje fan dat Karelsprivileezje of de Magnuskerren gewaach. It orizjineel is fuort rekke, neffens guon ynmetsele yn de muorre fan in Tsjerke. Nei alle gedachten dy fan [[Almenum]], [[Ferwâlde]] of [[Aldeboarn]].
Neast de regelings fan de Opstalbeam waard ek besocht tebek te gripen oom werd ook getracht terug te grijpen op ''oud'' recht lykas dizze fêstlein wienen yn de [[17 Kêsten en 24 Lânrjochten]]. In slim probleem bleau lykwols de útfiering fan it rjocht. Faak wie der wol oerienstimming oer de ynhald fan it rjocht, mar stuite it ôftwingjen fan dat rjocht op swierichheden. As in wichtich man him net by de útslach fan in útspraak dellizze woe dan ûnbruts de middelen om him dêrta te twingen.
 
In oar gefoch troch it ûntbrekken fan in effektyf gesach wienen de twisten dy't betiden tusken guon groepen, bygelyks dy tusken de [[Skieringers en Fetkeapers]].
 
==Ein==
19.956

bewurkings