Sonttol: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tikflaters
Aliter (oerlis | bydragen)
Ofkeapsom
Rigel 1:
[[Ofbyld:Kronborg Castle.jpg|thumb|350px|[[Kastiel Kronborg]] by [[Helsingør]].]]
Yn [[1429]] stelde kening [[Erik VII fan Denemark|Erik VII]] de '''Sonttol''' (''[[Deensk]]: ''Øresundstold'', [[Sweedsk]]: ''Öresundstullen'') yn. Alle bûtenlânske skippen dy't troch de [[Sont]] farden, moasten yn [[Helsingør]] tol betelje oan de [[Denemark|Deenske]] kroan. As in skip wegere te beteljen waard it fjoer iepene út [[Kastiel Kronborg]] wei by Helsingør en út it slot fan [[Helsingborg (stêd)|Helsingborg]]. Yn [[1567]] waard de tol feroare yn in belesting op de lading fan it skip, wêrmei't de ynkomsten fertrijefâldigen. Om foar te foarkommenkommen dat skippen in oare rûte namen, waard ek tol heft yn de [[Grutte Belt]] en de [[Lytse Belt]].
De Sonttol bleau ieuwenlang in wichtige boarne fan ynkomsten foar de Deenske kroan, wêrtroch't de Deenske keningen relatyf ûnôfhinklik wienen fan de Deenske [[kroanried]] en [[aristokrasy]]. Nei [[1645]] waarden Sweedske skippen frijsteld fan de tol. Doe't yn [[1658]] de Deenske besittings oan de Sweedske kant ôfstien waarden oan [[Sweden]] koe de tol net mear sa effisjint heft wurde as dêrfoar.
 
Op [[14 maart]] [[1857]] waard it [[Ferdrach fan Kopenhagen]] tekene, dêr't Denemark by ôfseach fan de Sonttol, wylst de oarende seefarrende lannen in ôfkeapsom betellen.
 
== Keppeling om utens ==
*[http://www.nationaalarchief.nl/sont/fbron.html De Nederlânske Sontregisters].
 
[[Kategory:Skiednis fan Denemark]]