Wikipedy:Taalhelp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
==Handige taaltips==
 
Om safolle mooglik sûnder flaters yn it Frysk te skriuwen, binne der in tal handige helpmiddels beskikber. De meast folsleine is foar brûkers fan Microsoft Word de Fryske '''staveringhifker''' foar brûkers fan Microsoft Word. Dy is del te laden fan de side fan de [[Fryske Akademy]]. Om dêrmei in troch jo as oaren makke Wiki-tekst te kontrolearjen geane jo nei de side dy't jo kontrolearje wolle en klikke jo op ''Wizigje''. Kopiearje de tekst dy't jo kontrolearje wolle nei in nij Word-dokumint. Kontrolearje de tekst en plak de tekst nei korreksje werom yn it Wiki-artikel. Klik op ''fêstlizze'' en de ferbettere ferzje stiet op de Wikipedy. Klik [http://www1.fa.knaw.nl/ftp/msstaver97-2000.zip hjir] om de staveringhifker del te heljen.
 
In (ridlik) folslein oersjoch fan de '''staveringregels''' is te finen op de [http://www.digischool.nl/fry/siden/basisfoarming/stavering/bf_stavering.html Digiskoalle]. Dêr steane ek ienfâldige oefeningen om jo wer eefkes op te skerpjen.