Westermûne (De Pomp): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
 
L typo
Rigel 1:
'''De Westermûne''' is een [[poldermole]] by it doarp [[Kollumerpomp]] yn de gemeente [[KollumerlânDeKollumerlân]]. De Westermûne, in [[grûnsiler]], waard yn 1845 boud foar it bemeallen fan de 300 [[hektare|ha]] grutte polder ''Easter- en Westerkrúslân''. Yn it earstoan hie de mûne twa [[Fizel (wetterskroef)|fizels]], mar ien dêrfan waard weihelle. Yn 1959 bruts by in stoarm ien fan de [[roeden]]. It [[wetterskip]] woe de mûne doe slope llitte, mar krige dêrfoar gjin tastimming. De oerbleaune fizel waard op in [[dieselmotor]] oansluten. De Westermûne rekke dêrnei sterk yngroeid troch beplanting. Yn 1961 waard hy oankocht troch de gemeente Kollumerlân, dy't him yn 1984 restaurearje liet. Dêrby waard de dieselmotor wer fuorthelle en waarden de beammen tichtby de mûne kapt. Yn 1988 wie de Westermûne wer mealree. Nei in nije restauraasje yn 1996 waard de mûne eigendom fan de [[Monumintestifting Kollumerlân]]. De Westermûne is in greinen achtkante mûne mei stiennen fjildmuorren, is reiddekt en hat in flecht fan 17,96 m. De mûne, wêrfan de fizel wyls ek troch in [[elektromotor]] oandreaun wurde kin, kin op freed- en sneontemiddei besichtige wurde.
 
== Keppeling om utens ==