Maritime skiednis fan Nederlân sûnt de meganisaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L The file Image:ZwarteZeeIII.jpg has been removed, as it has been deleted by commons:User:ABF: ''Deleted because "Was in w:commons:Category:Unknown as of 11 May 2008; still missing essential information". using TW''.
Rigel 75:
 
==== Heroriïntaasje ====
Mei de fal fan de [[Berlynske Muorre]] en de ein fan de Kâlde Oarloch yn [[1989]] waard in nije besinning op de rol fan de [[Nederlânske kriichsmacht|kriichsmacht]] needsaaklik. Grutte oantallen, diels mobilisabele, striidkrêften waarden net mear nedich achte. Dêrtsjinoer wienen parate, fleksibel ynsetbere ienheden nedich foar dielname oan ynternasjonale fredeshanthavenjende en fredesôftwingende missy’s yn [[Feriene Naasjes|FN]] ferbân. Yn de jierren ’50 en ’60 wie dit noch beskieden mei de [[United Nations Truce Supervision Organization|UNTSO]] yn it [[Midden-Easten]], mar sûnt [[1990]] mei grutte regelmaat, lykas [[UN Transitional Authority in Cambodia|UNTAC]] yn [[Kambodja]] en [[UN Mission in Ethiopia and Eritrea|UNMEE]] yn [[Eritrea]] en [[Etioopje]]. De NAVO-ienheden kamen ek sels fanwegen, lykas yn de [[Weachoarloch ([[1990]] - [[1991]])]] en yn de [[Adriatyske See]] yn de [[oarloggen yn Joegoslaavje]]. Nei [[2001]] binne dêr taken by komd yn it ramt fan terrorismebestriding, dy’t net perfoarst ûnder FN flagge, mar faak ûnder Amerikaansk befel útfierd wurde.
 
Konkreet betsjutten dizze feroarings foar de Nederlânske kriichsmacht mânske besunigings en ynkrimpingen. Ek oangeande de prioriteitennota fan [[1991]], die te beskôgjen is as de blaudruk foar de kriichsmacht nije styl, is al flink ynlevere. De lêste jierren liket der, ûnder Amerikaanske ynfloed, ek sprake te wêzen fan in ferskowing fan FN taken nei direkte ynset by aksjes yn ferskate geweltspektra. It foarnimmen fan it hjoeddeiske kabinet om [[krúsraket]]ten foar de marine oan te skaffen past yn dat byld.