Maritime skiednis fan Nederlân sûnt de meganisaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 10:
Yn Nederlân waard de stoomoandriuwing nochal let ynfierd en dan ek noch mei mate. De Britske ''Defiance'' wie it earste [[Stoomboat|stoomskip]] dat Nederlân oandie, yn [[1816]]. Yn [[1817]] farde de ''Prins van Oranje'' inkele wiken tusken Rotterdam en Antwerpen.
 
[[Gerhard Mauritz Roentgen]] seach de grutte mooglikheden fan de [[stoommasine]]s en pleite foar de ynset fan stoomskippen yn Nederlân. Hy luts yn [[1823]] de oandacht fan kening Willem I mei syn ynsichten oer it brûken fan stoomskipfeart op de Nederlânske binnenwetters. De kening beneamde him ta 'adviseur foar saken fan wurktúchkunde'. Yn dy funksje teach hy nei Grut-Brittanje, wêr’t hy hinne stjoerd wie om dêr de moderne skipsbou te bestudearjen, no op in geheime missy. Syn rapportaazje yn [[1824]] wie de ferhandeling ''Memorie over het nut, dat uit de toepassing van stoomwerktuigen op schepen van oorlog zou kunnen getrokken worden''. Yn [[1825]] waard hy foar syn fertsjinsten beneamd yn de [[Oarder fan de Nederlânske Liuw]].
 
De rapporten fan Roentgen laten ta grutte feroarings binnen de marine en wienen it begjin fan de modernisearring fan de Nederlânske skipsbou.