Seno (keizer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Isaurië -> Isaurje
Rigel 8:
 
Mei Zeno kamen de Isaurjers op de troan en dat joech oanlieding ta ûnderlinge striid. Oare haadlingen ûnder de Isaurjers woenen ek ynfloed hawwe, wylst de [[Byzantinen]] fan harren ôf woenen. Sa kaam it dat al trije moanne nei de dea fan Leo II, Zeno fan de troan ferdreaun waard troch [[Ferina]] (de frou fan Leo I) mei har broer [[Basiliskus]].
Zeno flechte nei Isaurje, wêr’t hy earst ek noch oanfallen waard troch [[Illus]], in Isaurjer dy't him ferbûn hie mei Basiliskus. Dizze Illus soe lykwols letter Zeno wer helpe de troan werom te krijen. Yn augustus [[476]] kaam Zeno as keizer werom. Ferina besocht letter noch in pear kear om Zeno te fermoardzjen, (tegearre mei wer Illus, dy't sy yn [[476]] nota bene noch besocht hie te fermoardzjen), lykwols sûnder sukses. Yn [[484]] hie Zeno ek te krijen mei [[Leontius]] as tsjinkeizer.
 
Fanwege al dizze problemen koe Zeno him kwealik bemuoie mei it westlike part fan it Romeinske ryk. Hy stipe [[Julius Nepos]], in neef fan Leo I as keizer yn it westen oant syn dea yn [[480]], mar doe hie Nepos feitlik al gjin macht mear oer it grutste diel fan it West-Romeinske ryk. Wol hat er al it mooglike dien om de opstanneling [[Orestes]] mei syn soan [[Romulus Augustulus]] tsjin te wurkjen. Dêrby sluet hy in pakt mei de oanfierder fan de [[Germanen]] yn it Romeinske leger yn Itaalje [[Odoaker]], dy't tsjin Orestes yn opstân kaam. Hy gong der mei akkoard dat Odoaker himsels ta kening beneamde yn [[Itaalje]] en dat der gjin nije keizer yn it westen kaam. Nei it ôfsetten fan Romulus Augustulus yn [[476]] en de dea fan Nepos yn [[480]] wie Zeno de ienige keizer fan it Romeinske ryk, dat feitlik allinnich noch út it easten bestie.
 
==Keppeling om utens==
*[http://www.roman-emperors.org/zeno.htm {{aut|Hugh Elton}}, artikel oer Zeno (AD 474-491), yn ''DIR'' (1998), (Ingelsk)]