Sjamanisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SpBot (oerlis | bydragen)
L Bot - fuort: ko:샤머니즘
Rigel 47:
De sjamanen fan 'e [[Yoruba]], fan súdwestlik [[Nigearia]] en súdlik [[Benyn]], meitsje gebrûk fan in wiersismetoade dy't nei gedachten fan Arabyske oarsprong is en dêr't troch kombinaasjes fan sechstjin basistekens de orakelgod [[Ifa]] by frege wurdt om foarsizzings te dwaan. De Yoruba-sjamanen resitearje op basis fan 'e útkomst spreuken út harren tradysjonele repertwaar, mar biede fierders gjin ynterpretaasje. In oare wiersismetoade kaam ûnder mear foar op it prekristlike [[Tahity]] en [[Hawaiï]], dêr't de sjamanen de wil fan 'e goaden ôfliezen út it yngewant fan 'e offerjeften.
 
De ''mudang'' fan Korea fiere harren rituëlen om in ferskaat fan redens út. Sa kinne se holden wurde om in lytse kwaal fuort te nimmen of oan it begjin fan in fiere reis. Dêrby wurdt troch de ''mudang'' in [[Pison]] útfierd: der wurdt troch de ''mudang'' wat iten offere en se seit se gebedens op. Slimmere swierrichheden, lykas djippe finansjele malêze, fereaskje in mear útwreide seremoanje, in [[Kosa]]. Dêrby bringt de ''mudang'' troch sang, dûns en muzyk fan trommen en symbalen in boadskip oer oan 'e geastewrâld. De [[Kut]] is de meast útwreide seremoanje, besteande út sang, dûns, muzyk, dramatyk en offerrituëlen, en foarbeholden oan 'e dreechste saken, lykas in slimme sykte of it feilich oerbringen fan 'e geast fan in famyljelid nei de geastewrâld. Ek is it mooglik dat doarpen op fêste tiden in kut hâlde om 'e feilichheid en it lok fan 'e ynwenners te garandearjen.
 
De seremoanjes fan 'e [[Midewiwin]], it Grutte Medisyn-genoatkip, dat it geastlik libben fan 'e Noardamerikaanske stammen fan it westlike gebiet fan 'e Grutte Marren behearske, ferskilden per streek en stamme, mar foar it genoatskip as gehiel gou dat beskate etyske prinsipes, de winsk om lang te libjen en de ynterpretaasje fan dreamen en natoerferskynsels sintraal stienen. De grûnbegjinsels fan 'e Midewiwin holden yn dat krekt gedrach bydroech ta in lang libben en dat min gedrach de dieder úteinlik opbrekke soe. Stelle, lige en alkoholkomsumpsje wienen strang ferbean. Manlike leden waard leard respekt foar froulju en betochtsumens yn har dieden te hawwen. Ien fan 'e wichtichste doelen fan 'e Midewiwin wie fierders ek it fergearjen fan kennis fan genêskrêftige planten.