Slokterm: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan nl
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 21 okt 2008 om 23.03

De slokterm is in ûnderdiel fan it spiisfertarringstelsel. It is it part fan it magetermkanaal tusken de mûle of bek en de mage. Meastepart fan alle suchdieren beskikke oer in slokterm.

De slokterm is om-ende-by 25 sintimeter lang en trochstrings 2 sentimeter dik. It begjint boppe-oan yn de kielholte en einiget oan de oare kant yn de mage. Der sitte twa wichtige fernauwings (slútspieren) yn de slokterm. De ûnderste fan de twa slút ûnderkant fan de slokterm ôf fan de mage en moat foarkomme dat de ynhâld fan de mage werom streamd nei de slokterm.

Twa soarten spieren soarje foar de gearlûkende beweging fan de slokterm, dy't der foar soarget dat it iten fierder nei de mage bewege en by braken krekt de oare kant op.