Ferskil tusken ferzjes fan "Digitenne"

107 bytes grutter ,  12 jier lyn
L
gjin bewurkingsgearfetting
(→‎Stjoermêst: Sinjaal fan Digitenne net mear beskikber fia Wieringermar)
L
'''Digitenne''' is in netwurk foar digitale [[radio]] en [[televyzje]] fia stjoermêsten yn [[Nederlân]]. Fia Digitenne kinne de Nederlânske [[publike stjoerder|publike stjoerders]] fergees ûntfongen wurde. It is ek mooglik om tsjin betelling kommersjele en bûtenlânske stjoerders fia dit netwurk te ûntfangen.
 
== Untfangst ==
Foar ûntfangst fan Digitenne is in televyzje nedich mei [[DVB-T-tuner]]. De measte televyzjes dy't tsjintwurdich ferkocht wurde, hawwe in DVB-T-tuner ynboud. Om ek de kommersjele en bûtenlânske stjoerders te ûntfangen, is njonken in abonnemint teffens in ''Conaxmodule'' en in ''smartcard'' nedich. Foar ûntfangst fan de publike stjoerders op âldere televyzjes kin in losse tuner oanskaft wurde foar sirka [[euro|]] 40,-. Om de kommersjele en bûtenlânske stjoerders te ûntfangen op âldere televyzjes kin men bêst gebrûk meitsje fan in kompleet pakket mei spesjale tuner.
 
== Antenne ==
 
== Stjoermêst ==
De 132 meter hege stjoermêst foar [[Fryslân]] stiet op it [[Ljouwert (stêd)|Ljouwerter]] [[yndustryterrein De Himrik]]. Fia dizze stjoermêst binne de programma's fan [[Omrop Fryslân]] te ûntfangen. Ek fia de televyzjetoer fan [[Smilde]] is it sinjaal fan Digitenne beskikber. Smilde stjoert ynstee fan Omrop Fryslân de regiostjoerder foar syn eigen provinsje, RTV Drenthe, út.
 
== Televyzjestjoerders ==
Fia Digitenne binne [[Nederlân 1]], [[Nederlân 2]], [[Nederlân 3]] en de regionale televyzjestjoerder fergees te ûntfangen. De regionale televyzjestjoerder foar stjoermêst Ljouwert is [[Omrop Fryslân]] TV. Tsjin betelling kinnen fierders sirka 19 kommersjele en bûtenlânske televyzjestjoerders ûntfongen wurde, lykas [[RTL 4]], [[SBS 6]], [[één]], [[Canvas]]/[[Ketnet]] en [[BBC Prime]].
 
== Radiostjoerders ==
Fia Digitenne binne [[Radio 1]],[[ Radio 2]], [[3 FM]], [[Radio 4]], [[Radio 5]], [[Radio 6]], Konsertzender, [[FunX]] en de regionale radiostjoerder fergees te ûntfangen. De regionale radiostjoerder foar stjoermêst Ljouwert is Omrop Fryslân Radio. Tsjin betelling kinne fierders sirka tsien kommersjele radiostjoerders ûntfongen wurde.
 
== Keppeling om utens ==
2.222

bewurkings