Klotildis: ferskil tusken ferzjes

19 bytes grutter ,  14 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
(Nije Side: De hillige '''Klotildis''' (Lyon, 474 - Toers, 3 juny 545) wie de frou fan Frankyske kening Klovis. Sy is de patroanhillige foar de froulju, de lam...)
 
No edit summary
Klotildis wie in [[Boergonden|Boergondyske]] keningsdochter. Har heit wie [[Gilperik II (fan de Boergonden)|Gilperik II]], ien fan de trije Boergondyske keningen. Gilperik waard mei syn frou yn [[493]] slachtoffer fan de kriich om de allinne hearskippij en fermoarde troch syn bruor [[Gundobad]]. Klotildis koe mei in suster flechtsje en waard fierder opfiede troch har oom [[Gundomar]] yn [[Genève]].
 
Yn [[491]] trout sy mei de Frankyske kening [[Klovis I]]. Ien fan de houliksbetinksten hâlde yn dat Klovis it Katolike leauwen fan har respektearre moast. Hy sels wie oanhinger fan it [[Arianisme|Arianyske kristendom]]. Doe't harren âldste soan komt te ferstjerren foar syn doopsel en de twadde nei syn doopsel slim siik wurdt, tinkt Klovis ynearsten dat dat komt troch de god fan syn frou. As úteinlik syn twadde soan better wurdt en hy letter de wichtige slach by [[Slach by Tolbiak|Tolbiak]] tsjin de [[Allemannen]] wint, lit Klovis him op [[krystdei]] [[498]] yn [[Reims]] dope ta it Katolike leauwen troch de Hilligehillige [[Remigius fan Reims|Remigius]].
 
Nei Klovis syn dea yn [[511]], reizget Klotildis it lân troch en stiftet rûnom kleasters. Lang om let lûkt sy har tebek yn it kleaster fan [[Tours]].
19.977

bewurkings