Ferskil tusken ferzjes fan "Wikipedy:Dochs wat regels"

red
L (redaksjeflatrke)
(red)
Om't de Wikipedy in [[Wikipedy:Wat_is_in_wiki|Wiki]] is binne der gjin redakteuren, mar binne wy mei-inoar ferantwurdlik foar de ynhâld fan ús ensyklopedy. As wy goede wenten ûntwikkeljeûntwikkelje, en elkoar in bytsje bystjoere as dat winsklik is, dan soe it goed komme moatte. '''Dochs''' kin it maklik wêze en skriuw '''wat regels''' del, dêr't fan bliken dien hat dat ze in help wêze kinne. Dit binne fan dy regels.
 
== Ien fêste regel ==
* Begjin nije siden: Teksten hoege net daalks it lêste wurd oer it mêd te wêzen. Eltsenien kin gewoan begjinne it eigen witten del te skriuwen. Dat kin sels ien inkele sin wêze. As der mar ien kear immen wat skriuwt komme der fansels oaren dy't der wat oan tafoegje wolle.
 
* Keppelje siden. Alles hoecht bygelyks net op ien side te stean. As jo in wurd jargon brûkekebrûke kin dat op in eigen side beskreaun wurde. En oarsom kinne jo keppelings meitsje nei oare siden dy't skreaun binne oer wat jo allinnich oanstippe.
 
* Bou in ensyklopedy. Foegje ta wat yn in ensyklopedy heart, en betink wêr't it stean moat. As jo eat oan in side tafoegje wolle, betink dan earst of it geskikt is. As it by de side past, skriuw it dan wêr't it yn de tekst ynpast wurde kin, en pas de tekst deromhinne ek oan. Mar datselde jildt ek as jo in nije side tafoegje. Betink ek dan ofoft it mêd geskikt is foar de wikipedy, hokfoar titel geskikt is, en wêr't de side teplak is, en pas oare siden oan en keppelje dy mei de nije side.
 
* Meitsje [[Wikipedy:Keppelings om utens]]. Fansels is it baas om ynformaasje oer te nimmen op ús eigen siden, mar somtiden kin dat net. Yn sa'n gefal, mar ek om oan te jaan hokfoar boarnen jo foar in side brûkt hawwe, kinne jo keppelings tafoegje nei siden buten de Wikipedy. Dy keppelings wurde dan as in aparte rige ûnderoan de side skreaun.
* Meitsje siden net te wyld. Brûk kleuren en fette, skeane en gruttere letters allinnich as dat wier in doel hat. En foar keppelings jildt itselde. Besykje keppelings allinnich ta te foegjen as in lêzer der brûk fan meitsje soe. Dat betsjut ek dat it meast gjin doel hat en nim twa kear deselde keppeling op op deselde side.
 
* Wês eksakt. Us siden sille lêzen wurde troch minsken yn oare jierenjierren, en fan oare plakken fan de wr&âldwrâld. Dêrom wurdt in side better as der net stiet dat eat 'dit jier' bard is, mar yn hokfoar jier dat dan wie. En as der ek in krekte datum foar is, is dat noch better, fansels. En sa ek foar plakken. "Wûnseradiel" is better as "It westen fan ús provinsje", as it feitlik is, "Skylge en FlylânFlylân" is better as "de westlike twa Fryske eilannen", ensfh. Hast itselde jildt ek foar oantallen. Al wit men bygelyks meast net it krekte tal fan minsken yn in demonstraasje, dan is "inkele tûzenen minsken" net sa dúdlik as "tusken de trije tûzen en fjouwer tûzen minsken". Mar al seit de krante dat der twatûzen minsken by de wedstriid wienen, dan binne dat der gjin "2.000", útsein jo binne der wis fan dat se persys teld binne.
 
 
Mar úteinsúteinlik giet it dêromder om dat wat jo skriuwe of oanpasse in '''f'''erbettering foar de Wikipedy wêze moat.
56.977

bewurkings