Tsjonger: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
De Kúnder
Rigel 9:
Fan hjir ôf hjit de rivier gewoan De Tsjonger, en giet hieltyd noch kanalisearre fierder nei it súdwesten, oan de omkriten fan [[Rotstergaast]] ta. Derfoarby giet de mear natuerlike rin fan de rivier fral nei it suden, troch [[it Wiid]], foarby [[De Langelille]], nei [[Skoattersyl]].
 
Foarby Skoattersyl giet De Tsjonger troch de [[Tuskenlinde]] fierder nei [[Slikenboarch]], dêr't eartiids de [[Linde]] der by kaam. De Linde brûkt no de âlde rin fan De Tsjonger, wylst De Tsjonger der nêst nei it suden rint troch it [[Nije kanaal]]. Sa komt de Tsjonger út by [[De KuunderKúnder]], dêr't De Tsjonger yn de Sudersee útkaam. Under de namme [[Alde Tsjonger]] leit eastliker noch in part fan in âldere rin, dy't wat westliker as Slikenboarch begûn en wat eastliker as de Kúnder yn see rûn.
 
De Tsjonger is in grinsrivier. It is de grins tusken de [[Stellingwerven]] en [[Frysk]]talich Fryslân, en dêrmei tusken [[Eaststellingwerf]] en [[Weststellingwerf]] oan de súdkant en [[it Hearrenfean]] en [[Skarsterlân]] oan de noardkant. Súdlik fan de [[Fjouwerhúster Feart]] wurdt it dan de grins tusken Weststellingwerf en [[Lemsterlân]]. En as lêste foarmet de Tuskenlinde de grins mei [[Oerisel]].