Gerrie Knetemann: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Skipper (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''Gerrie Knetemann ('De Kneet')''' (Amsterdam, 06/03/1951 - Bergen, 02/11/2004), wie berops hurdfytser fan 1974-1989 en ien fan de grutste Nederlânske hurdfytsers yn de gouden g...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 6 nov 2008 om 12.13

Gerrie Knetemann ('De Kneet') (Amsterdam, 06/03/1951 - Bergen, 02/11/2004), wie berops hurdfytser fan 1974-1989 en ien fan de grutste Nederlânske hurdfytsers yn de gouden generaasje. Hy wie in útstekende tiidritspesjalist.

De kneet tekene yn 1974 in kontrakt by de Frânske ploech Mercier. Ien jier letter gie der oer nei de Nederlânske Raleigh-ploech fan Peter Post, wêr't oant de grutte breuk fan dizze ploech yn 1983 bliuw. Hjirnei hat hy noch riden foar Euro-Decor, Skill en PDM. Foardat Knetemann beropsrenner wie, wurke hy as strjitmakker. Kenmerkent foar him wie syn trochsettingsfermogen. Dizze karaktereigenskip kaam foaral nei foaren doet hy op 24 maart 1983 in slim ûngemak meimakke yn de Belgyske semi-klassieker 'Dwars door België'. Nei in perioade fan refalidaasje kaam hy tige sterk werom en wûn yn 1985 syn twadde Amstel-Gold race, 11 jier nei syn earste oerwinning.

Erelist

Mei 129 oerwinning yn syn 17 jierrich bestean as beropshurdfytser, is Knetemann ien fan de grutste Nederlânske hurdfytsers. Moaie oerwinningen wiene û.o. de wrâldtitel op Nürnburgring yn Dútslân yn 1978. Hy wûn doe fan de Italjaan Franseco Moser yn de sprint. Yn dat selde jier wûn hy Parijs-Nice troch Joop Zoetemelk en Bernard Hinault te ferslaan, fenomenen yn die tiid. Hy hat 4 kear de Omgong fan Nederlan op syn namme set, is 13 kear start yn de Omgong fan Frankryk. Yn dizze omgong hat dy tegearre mei Joop Zoetemelk en Jan Raas de measte etappe oerwinnings op syn namme stean. 10 kear kaam hy as earste oer de einstreep. Ek yn 1979 wûn hy in etappe (fan Saint Priest nei Dijon), mar die waard him ôfnommen want hy soe efter in auto oan riden hawwe. Hy hat 8 kear it giele mouhimd yn dizze droegen. Yn de omgong fan Frankryk fan 1980 wie hy ien fan de ploechgenoaten fan Joop Zoetemelk dy't doe de einoerwinning behelle.

Nei 1989

Knetemann stie al tidens syn perioade as beropsrenner bekend om syn útspraken en ferhalen. Hy waard nei syn perioade as beropsrenner dan ek faaks frege foar radio en tillefyzje programma's. Derneist hie hy 5 pannenkoek restaurants en wie hy bondscoach fan KNWU. Ek joech hie fytsklinniks. Tidens ien fan dizze tochten kaam hy op 2 novimber 2004 te ferstjerren oan in longembolie. De útfaartseremonie yn de wielerbaan fan Alkmaar wie mei mear as 2200 lju tige drok besocht, wat syn populariteit oant syn dea ta goed oanjoech.

Boarnen

  • Jean Nelissen - De 100 beste Nederlandse wielrenners aller tijden; Amsterdam/Antwerpen 1999.
  • Mart Smeets - De Tour fan '80; Nieuw Amsterdam 2005.
  • Mart Smeets - 100 mannen; Amsterdam/Antwerpen 2003.