Ferskil tusken ferzjes fan "Seine (ark)"

5 bytes grutter ,  11 jier lyn
L
gjin bewurkingsgearfetting
L (Bot - derby: sl:Kosa)
L
[[Image:Scythe user.png|thumb|250px|It brûken fan in seine]]
[[Image:Scythe, Haarhamer,haarspit,strekel.JPG|thumb|250px|Harhammer,harspit en strikel]]
In '''seine''' is in stik [[lânbou-ark]] dat beskôge wurde kin as in fierdere ûntwikkeling fan de [[sikkel (ark)|sikkel]]. In tuskenfoarm is de [[sichte]]. It bestiet út in lang bûchd mes, oan de binnebocht skerp, mei in skerpe punt, befêstige oan in stâle mei bytiden 1 mar meast 2 hantfettenhânfetten. De seine wurdt brûkt troch mei in flugge swaaiende beweging lang gersgêrs of nôt te meanen, sûnder dat de meander him dêrfoar hoecht te bûken.
 
==Hierskerp==
De seine wurket it bêste as dizze flymskerp is. Hoewol't de measte seinen mei in swiere metalen stâle út Nederlânske winkels faak allinnich mei in [[strikel]] (in mei grofkerrelich slypmateriaal beplakte latte) skerp holden wurdt, wurde de bêste resultaten berikt troch de seine te ''harjen'' en te ''setten''.
 
It "harjen fan de seine" kin dien wurde by ûnbehurde meanblêden fan fan hege kwaliteit izer, dy'tdat yn East-Jeropa en Eastenryk (Teufelskerl) noch wol te krijen binne. It snijflak fan sa'n blêd wurdt bylâns de râne nei bûten dreaun mei in [[harhammer]] op in [[harspit]] (ambyld), sadat in tinne râne ûntstiet dy't flymskerp is.
Hoewol't soks tige ienfâldich liket, is der foar dizze bewurking frijwat fakkennes nedich. Op grutte fjilden, dy't mei de seine meand waarden, wie der geregeld ien persoan by waens taak it wie om oan ien tried wei te harjen.
 
Under it wurk urdtwurdt it bledblêd troch de meander sels geregeld set troch in yn wetter wietmakke [[silex|silexstien]] (strikel, slypstien) mei lange swaaiende bewegingen fan de breedste kant ôf nei de punt te bewegen.
 
==Trivia==
* Gers wurdt leafst yn de moarntiid meand, omdat it middeis stiif wurdt.
* Der bestiet in ferskaat oan meanblêden, fan ± 30sm30 cm foar presys meanen, -bygelyks yn in hôving- oant mear as 60sm foar gruttere stikken lân. Ek bestean der grutte blêden om tinne tûkjes mei te meanen.
* De seine mei metalen stâle en stielen 'mes' is lichaamlik folle swierder as de lichtere houten seinestâlen dy't yn East-Jeropa te keap wienen ( en dy't sels wol op maat makke waarden ) en wêrby't in hierskerp sêftmetalen mes brûkt wurdt. By de godegoeie technyk wurdt der amper krêft brûkt, en wurdt de rêch rjocht holden. It mes wurdt yn in floeiende swaai leech oer de grûn beweechtbeweegt, wêrnei't in stap foarút dien wurdt en de beweging werhellewjerhelle wurdt. Ek froulju op leeftyd dy't dizze technyk ynéyn'e macht hawwe kinne dit in dei folhâlde.
* Yn de leginde fan de [[Wite Wieven]] spilet it smiten fan in harspit in wichtige rol.
* Alle jierren wurdt der yn de feestwike yn [[Surhuzum]] it wrâldkampioenskip seineharjen holden. Yn 2004 foar de 25e kear. Wa't oan'e ein fan it kampioenskip de skerpste seine hat, mei him in jier lang wrâldkampioen neame.
* Yn it Skotsk Museum yn [[Edinburgh]] is yn de kelder in grut seineblêd út de Romeinske tiid te bewûnderjen. De tekst derby oer it skerpjen is mooglik ferkeard.
* Elk jier wurdt der by de tradysjonele Flayelfeesten, altyd de lêste sneon yn septimber, n [[Aldhoarne]] en [[Nijhoarne]] it Frysk kampioenskip seinemeanen holden.
3

bewurkings