Wynmotor De Feanhoop: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
 
red
Rigel 4:
De mole is in grute [[Mealree|mealreë]] [[Wynmotor|Amerikaanske wynmotor]] fan it merk ''Herkules'', type ''Metallicus''. De mole waard makke by de ''Deutsche Windturbinen Werke'' yn [[Dresden]] en ymportearre troch de handelsmaatskippij [[R.S. Stokvis|R.S. Stokvis en Zonen]] út [[Rotterdam]]. Hy hat in wynrêd fan 30 blêden en in diameter fan 11 meter.
 
De molen waard eartiids yn [[1921]] del settendelsetten foar de [[Bemeale|bemealing]] fan de 391 [[hektare|ha]] grutte polder ''De Hege Warren''.<ref>Oare boarnen neame 1926 as boujier.</ref> Hy hat tsjinne oant 1962, doe waard hy ferfongen troch in elektrysk [[Gemaal (wetterbou)|gemaal]]. In jier letter waard de wynmotor troch in partikulier oankocht, dy't him foar takomstige generaasjes bewarje woe. De kosten dêrfoar blieken lykwols heech. Yn 1996 wie de mole yn sa'n minne steat dat hy om slimmer te foarkommen sloopt waard en opslein. Hy waard foar it symboalyske bedrach fan ien gûne ferkocht oan in oare partikulier. Dizze waard ferplichte de mole te restaurearjen, mar hy koe de kosten dêrfoar net opbringe. Nei bemiddeling fan de gemeente Smellingerlân waard de mole dêrnei - wer foar ien gûne - ferkocht oan de hjoeddeiske eigener, de [[It Damshûs|Stifting It Damshûs]], dy't yn [[Nij Beets]] in iepenloft-feanterijmuseum eksploitearret. Dizze liet de mole restaurearje. Yn [[2000]] waard de wynmotor wer yn gebrûk nomd op syn hjoeddeiske stee inkele hûnderten meters ten noardeasten fan De Feanhoop. Dêr bemealt hy oan de [[Binnenringfeart]] de ''Grutte Feanpolder'', dy't dielpart útmakketis fan it natoerûntwikkelingsprojekt ''Petgatten De Feanhoop'' fan [[It Fryske Gea]].
 
De wynmotor, dy't beheard wurdt troch it [[Wetterskip Fryslân]], is oanwiisd as [[ryksmonumint]]. Hy is net te besichtigjen.