Klaudius Goatikus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: scn:Claudiu lu Goticu
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Libben: Balkan (skiereilân)|Balkan
Rigel 11:
Klaudius stjoerde syn maat Aurelianus mei troepen nei it suden fan Galje en dizze slagge deryn om de gebieten eastlik fan de Rhône wer by it Romeinske Ryk te foegjen. Mei ûnderhandelings koe Klaudius itselde berikke yn [[Spanje]]. It ferfal fan it ryk koe hjiermei tydlik ta stân wurden bracht.
 
Underwilens soargen de [[Goaten]] foar grutte problemen op de [[Balkan (skiereilân)|Balkan]]. Klaudius sette der hinne mei syn troepen en helle flakby Marcianopolis in skitterjende oerwinning. Dat besoarge him de namme "Goatikus". Dêrmei wienen de problemen lykwols net oplost. Nije ynfallen fan de Goaten moasten tsjinhâlden wurden en fierders wie der in soad ûnrêst yn it easten, dêr't Keningin [[Senobia]] fan [[Palmyra]] yn [[269]] de Romeinske gebieten ynfallen wie. Har troepen hiene de seehaven fan Egypte, [[Aleksandria]] oermastere en dêrmei wie de foar Rome sa wichtige [[nôt]]-oanfier ôfsnien. Dêrnei stjoerde sy har legers nei it noarden ta en oermastere grutte stukken Romeinsk grûngebiet yn [[Asia Minor]] (Turkije). Klaudius, dy't op 'e Balkan genôch te stellen hie mei de Goaten, koe him in oarloch yn it easten net tastean. Hy wie twongen om mei har frede te sluten.
 
Hy krige mei noch mear oarloggen te krijen; der kamen ek ynfallen yn [[Brittanje]], [[Raetia]] en yn [[Pannoonje]]. Om al dizze problemen oan te kinnen, liet Klaudius de striid tsjin de Goaten oer oan Aurelianus en sels gong er nei Sirmium. De pest, dy't de Goaten grutte ferliezen tabrocht hie, briek dêr út yn syn eigen leger. Klaudius rekke sels besmet en ferstoar yn jannewaris fan [[270]]. Alhoewol't hy mar twa jier keizer west hie, waard syn dea tige betreure troch de Romeinske [[senaat]] en it leger. Dêrom waard er fuortendaliks godlik ferklearre.