Fisigoatyske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
die dr ek mar by
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Opkomst: Balkan (skiereilân)|Balkan
Rigel 3:
 
==Opkomst==
Yn de [[4e ieu]] waarden de Fisigoaten, troch de ynfallende [[Hunnen]] ferdreaun út [[Daasje]] en krige sy fan de Romeinen tastimming om harren yn it Romeinske Ryk te festigjen. Lykwols ferrûn de yntegraasje fan de Fisigoaten as bûnsmaten min; hja waarden striemin behannele en der hearske hongersneed. Under lieding fan [[Fritigern]] kamen de Fisigoaten yn opstân en der bruts in oarloch út dy't einige mei in skitterjende oerwinning op de Romeinen op [[9 augustus]] [[378]] yn de [[Slach by Adrianopel]]. Nei de oerwinning hienen de Fisigoaten frij spul op de [[Balkan (skiereilân)|Balkan]] omdat it Romeinske leger ferneatigje wie. Mei de nije keizer [[Teodosius I]] waard in frede sletten dy't gruttendiels stân hâlde soe oant [[395]].
 
Under it bewâld fan kening [[Alarik I|Alarik]], wiksele in ûnrêstige frede him ôf mei konflikten tusken Alarik en de machtige Germaanske generaals dy't befel fierden oer de Romeinske legers, en dy't it feitlik foar it sizzen hienen yn it Ryk. Nei de moard op de westlike genereaal [[Stilicho]] yn [[408]] rekke Alarik yn it foardiel. Hy foel Itaalje yn en teach op nei [[Rome]] dat op [[24 augustus]] [[410]] troch him ynnommen waard.