Kwaden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: sv:Quader
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Balkan (skiereilân)|Balkan
Rigel 1:
De '''Kwaden''' (of Latyn ''Quadi'') wie in nomadyske [[Germanen|Germaanske]] stam dy't yn de earste ieuwen nei Kristus rôverstochten holden troch it tsjintwurdige Súd-[[Dútslân]], West-[[Tsjechje]] en [[Eastenryk]]. Sy wienen in part fan it gruttere losse stamferbân fan de [[Sueben]], dêr't ek de [[Markomannen]] ta hearden. Tegearre lutsen sy in ferwoastend spoar troch de [[Balkan (skiereilân)|Balkan]].
 
Om [[150]] hinne slagget de [[Romeinske ryk|Romeinske]] keizer [[Antoninus Pius]] dêryn de Kwaden oan him te binen troch in kening oer harren te beneamen dy't loyaal wie oan Rome. Lykwols soe dy loyaliteit net lang duorje. Yn [[166]] foel in alliânsje fan Kwaden, Markomannen en [[Sarmaten]] it Romeinske Ryk yn. Dizze kriich - dy't bekend stiet as de [[Markomannenoarloch]] - wie in tige serieuze bedriging foar Rome sadat keizer [[Markus Aurelius]] him nei it front ta sette om de legers oan te fieren.