Ferskil tusken ferzjes fan "F.F.J. Bernlef"

 
Troch de jierren hinne hat Bernlef gâns feroarings meimakke. In konstante wie mei nammen de striid binnen Bernlef tusken de minsken dy't serieus mei it Frysk dwaande woene en de minsken dy't it leaver wat geselliger mei-inoar hawwe woene. Yn [[1956]] krige Bernlef in eigen ferieningsblêd, ''De Harpe'', it earste nûmer hie noch in oare namme ''De Klok''.
 
Ek is Bernlef fan in swalkjend bestean yn ôfhierde kroegen of mei jûnen yn oare ferienings har pânen nei in fêst bestean mei in eigen pân gongen. Yn [[1971]] is Bernlef yn it pân ''De Pizel'', Tuinstraat 22, oan de râne fan de binnenstêd fan Grins lutsen en tusken al de ferbouwings en oanpassings troch is it it fêste, smûke plak fan de feriening wurden.
 
Anonime meidogger