Origenes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: tr:Origenes
wat krommelwurk
Rigel 3:
 
==Libben==
Origenes waard yn 185 berne yn [[AleksandriëAleksandrje]] as bern fan fromme âlden, dy't him al hiel betiid it [[Evangeelje]] leard hawwe. Syn heit Leonidas soe as martler stjerre doe't Origenes noch gjin 20 jier âld wie. Origines waard al jong haad fan in [[kategetenskoalle]] yn AleksandriëAleksandrje, bekend as de [[Aleksandrynske skoalle]]. Om [[300]] hinne hie er in konflikt mei de biskop van AleksandriëAleksandrje, en moast er útwike nei [[Caesarea]] yn Palestina.
 
By de kristenferfolgings ûnder keizer [[DeciusDesius]] waard Origenes finzennommenfinzen nommen en foltere. Oan de gefolgen hjirfan soe er stjerre yn 253 of 254.
 
==Teology==
Origenes besocht mei metoaden út de klassike wiisbegearte fan de [[teology]] in folweardich, kristlike wittenskip te meitsjen. Dêrby boude hy fierder op it wurk fan de Joadske filosoof [[Filo fan AleksandriëAleksandrje]], dy't nei in ferbining socht fan de âldtestamintyske godsiepenbiering en it Grykske tinken. Origenes die dit troch de [[logos]] ta it sintrale begryp te meitsjen fan it godstsjinstich-wiisgearich tinken: in brêge tusken geast en guod, in wêzen tusken God en de wrâld. Dit tinken brocht Origenes ta syn alles-oerstigende teology en filosofy. Hjirmei hat er harmonij brocht tusken de Joadsk-kristlike teos en de Gryksk-platoanyske logos. De apostel [[Jehannes (apostel)|Jehannes]] hie oan it begryp logos in bibelske ynhâld jûn, Origenes joech oan dit bibelske begryp in Grykske ynhâld.
Mei syn bydrage hat Origenes in wichtich oandiel levere oan de ûntwikkeling fan it eastersk kristlike tinken. In oare bydrage dy't er levere hat wie it begjinsel fan de allegoaryske [[ynterpretaasje]] fan bibelteksten. Neffens him moast de ienfâldige letterlike betsjutting fan de Bibel ûnderskieden wurde fan de djippere, geastlike betsjutting. Dizze útlis fan de Skrift soe him in protte tsjinstân opleverje, û.o. troch [[Melito fan Sardes]] en [[Laktantius]].
Rigel 14:
Origenis makke ek ûnderskied tusken de folsleine Godheid fan God de Heit en Godheid fan God de Soan. Neffens him wie de Soan minder godlik as de Heit. Boppedat learde hy dat elk skepsel, rêden wurde sil troch oanduorjende lottering fan de [[siel]]. Ek de [[satan|duvel]], sil úteinlik wer ingel wurde.
 
Origenes hat as earste besocht om in systematyske teology gear te stallen, dy't hy de titel "Grûnbegjinsels" mei joech. Ek hat er de saneamde ''Hexapla'' gearstald. Dit is in tekstútjefte fan it [[Alde Testamint]] yn seis kolommen, dêr't njonken de HebreeuskeHebrieuske tekst de wichtigstewichtichste Grykske oersettingen yn opnommen wienen. Boppedat hat er ferskate kommentaren skreaun op allegearre bibelboeken.
 
== Wurk ==