Marija Gimbutas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan nl
 
Rigel 4:
 
==Libbensrin==
Gimbutas kaam yn [[1949]] as flechteling út Litouwen yn de Feriene Steaten. Sy hele in graad yn de [[argeology]] oan de universiteit fan [[Tübingen]] yn Dútslân. Har Litouwske koeeftergrûn soe sy lykwols netnea ferjitte. Sy koe fuort oan it wurk by de [[Harvard-universiteit]], dêr't sy East-Jeropeeske teksten oer argeology oersette yn it Ingelsk en dosint waard op de fakulteit antropology. Yn [[1955]] waard stsy "Fellow" fan it oan Harvard ferbûn [[Peabody Museum]].
 
Yn 1956 yntrodusearre Gimbutas har "[[Koerganhypotese]]" en die argeologysk ûndersiik nei de typyske "[[Koergan (greefheuvel)|koerganen]]" of greefheuvels dat sy kombinearre mei linguïstyk om problemen yn it ûndersiik nei de [Proto-Indo-Jeropeeske talen sprekkende folken op te lossen, te witten wêr't sy wei kamen en op hokker wize sy Jeropa yn kamen. Dizze hypothse en har ynterdissiplinêre oanpak soe grutte ynfloed hawwe op Indo-Jeropeeske stúdzjes.
 
Fan 1963 oant 1989 wie Marija Gimbutas heechlearaar argeology oan de [[UCLA]]. Tusken 1967 en 1980 liede sy grutte opgravings fan [[neolitikum|neolityske]] fynplakken yn Súdeast-Jeropa. Sy helle in oerweldigjend tal keunst- en gebrûksfoarwerpen boppe de grûn troch fierder te graven dan har tiidgenoaten dien hienen. Yn de rin fan har wurkpaed ûndersocht en beskreau sy in enoarm tal argeologyske fynsten.
 
==Wurk==