Piter Jelles Troelstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Iendieling wat feroare
No edit summary
Rigel 5:
is bekend wurden as sosjalistysk politikus dy't yn [[1918]], yn neifolging fan de [[Russyske revolúsje]], yn [[Nederlân]] de sosjalistyske revolúsje útrôp. Dêrnjonken hat Troelstra yn [[Fryslân]] as ''Piter Jelles'' namme makke as dichter en skriuwer.
 
== Jeugd Biografy==
 
=== Jeugd ===
Troelstra is berne op 20 april 1860 yn Ljouwert. Fan [[1868]] oant [[1875]] hat er yn Stiens wenne. Syn heit, [[Jelle Troelstra]], wie dêr doe ûntfanger fan de belestings. Piter Jelles hat syn foarming yn Stiens krige, foaral troch de ynfloed fan syn mem. Syn libben lang hat Piter Jelles dan ek in bân mei Stiens field.
 
Yn middelbere-skoalletiid wie Troelstra al in fel strider en organisator en bliek er ek literêre jeften te hawwen. Hy kaam yn kontakt mei skriuwers as [[Tsjalling Halbertsma]] en [[Onno Sytstra]]. Mei dy lêste redigearre hy yn [[1881]] de dichtbondel ''It jonge Fryslân''. Mei [[Oebele Stellingwerf]] sette hy it toanielselskip Gysbert Japiks op.
 
=== As studint ===
Fan [[1882]] oant [[1888]] studearre Troelstra rjochten yn [[Grins (stêd)|Grins]]. Syn literêre aktiviteiten sette hy troch. Hy siet yn de redaksje fan it literêre tydskrift ''For hûs en hiem'' en fan it ''Nij Frysk lieteboek'', dat yn [[1886]] ferskynde. Tagelyk ûntwikkele Troelstra him mear en mear as polityk strider, sawol yn de [[Fryske beweging]] as yn de sosjalistyske.
 
Yn [[1888]] troude Troelstra mei [[Nynke fan Hichtum|Sjoukje Bokma de Boer]], dy't ûnder it pseudonym ''Nynke fan Hichtum'' bekend wurden is as berneboekeskriuwster. It pearke krige twa bern, Dieuwke en Jelle.
 
=== Polityk ===
Nei syn stúdzjetiid fêstige Troelstra him as adfokaat yn Ljouwert. Hy waard yn [[1890]] lid fan de [[Fryske Folkspartij]], mar kaam nei in lange twastriid ta de konklúzje him alhiel oan de sosjalistyske beweging te wijen. Hy ferhûze yn [[1893]] nei Hollân. Yn 1894 stie Pieter Jelles Troelstra oan de widze fan de [[Sosjaal Demokratyske Arbeiders Partij]] (SDAP) en yn [[1897]] kaam hy foar dy partij yn de [[Twadde Keamer]]. Dêr toande hy him in fûleindich anty-monargist. Hy hope dat de monargy mei Wilhelmina útstjerre soe. Doe't yn 1909 de lettere keninginne Juliana berne waard seach er syn hope op in republyk yn reek opgean. Hy begûn him wer oan de literatuer te wijen en publisearre yn datselde jier syn ferneamde dichtbondel ''Rispinge'', in bondel dy't yn in tiid fan moralistyske dichtkeunst opfoel troch de iepenens en it persoanlike karakter fan de ferzen.
 
Line 22 ⟶ 24:
It houlik tusken Pieter Jelles Troelstra en Sjoukje Bokma de Boer rûn nei ferrin fan tiid op'e non en waard yn [[1907]] offisjeel ûntbûn, wernei Troelstra op'e nij troude, mei Sjoukje Oosterbaan.
 
=== Troelstra's "fersin" ===
Nei it útbrekken fan de Russyske en Dútse revolúsjes yn [[1917]] en [[1918]], seach Troelstra kânsen om de Nederlânske befolking yn [[1918]] ta in sosjalistyske revolúsje oer te heljen. Oan syn oprop waard suver gjin gehoar jûn. Dizze episoade stiet dêrom ek wol bekind as 'Troelstra's fersin' ('Troelstra's vergissing'). Foar Troelstra wie dat in grutte teloarstelling. Hy luts him stikje by bytsje werom út de polityk. Yn de lêste jierren fan syn libben skreaun hy ûnder de titel ''Gedenkschriften'' syn memoares. Op [[12 maaie]] [[1930]] is er yn De Haach ferstoarn.
 
=== NeigedachtnisEarbetoan ===
[[Ofbyld:Stiens - Monumint foar Piter Jelles Troelstra.jpg|thumb|It monumint foar Piter Jelles yn Stiens]]
Nei syn dea yn 1930 waard yn Stiens besletten om de âlddoarpsgenoat mei in monumint te betinken. Dit monumint, troch [[Tsjipke Visser]], is der yn [[1933]] kommen, hoeke Langebuorren - It Achterbosk. Dat koe mei stipe fan leden fan de [[Fryske beweging]], ek fan harren dy’t har yn politike sin gjin geastferwant fan Troelstra fielden. It is dan ek foaral in earbetoan wurden oan de dichter en skriuwer Piter Jelles. Op it monumint stiet: ''Oan de neitins fen Piter Jelles - Frysk dichter en skriuwer - Fen de Friezen 20-4-1933''. De strjitte dêr't er yn Stiens wenne hat, hjit no ''Piter Jellessingel''.