Eggerik Beninga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
frij oerset fan nl
 
ferwizings
Rigel 1:
'''Eggerik Beninga''' ([[Grimersum]], [[1490]] - [[19 oktober]] [[1562]]), somtiids ek skreaun as ''Eggeric(k) Benninga'' of ''Benynga'', wie in [[East-Fryslân|Eastfryske]] haadling dy't in skiednis skreaun hat oer de [[Friezen]].
 
==Libben==
Eggerik Beninga stamme út in foaroansteande (East-)fryske [[haadling|haadlingen]] famylje. Hy wie soan fan Garrelt Beninga, haadling en provoost te Wirdum, Jennelt en Grimersum en Essa Houwerda von Up- und Wolthusen, dochter fan Snelger Houwerda fan [[Termunten]]. Op jonge leeftyd tsjinne hy ûnder Greve [[Edzard I|Edzard de Grutte]] fan it [[Greefskip East-Fryslân]]. Yn [[1525]] waard Eggerik [[Drost]] op de wichtige festing Leerort, dêr't er him dwaande holde mei it bestjoer en rjochtspraak.
 
Nei de dea fan Greve Ennoe[[Enno II]], de opfolger fan Edzard wurke hy as riedjouwer oan it hof (1540) fan Eastfryske Grevinne en wie belutsen by alle wichtige lânsoangelegenheden en sadwaande tige ynfloedryk. Yn [[1556]] waard hy op 'e nij [[Drost]] yn Leerort en fiif jier letter kearde hy tebek op syn state yn Grimersum, dêr't er al gau ferstoar.
 
==Wurk==
Rigel 12:
''...eene groote geschwinde krankheit ... in den anfang quam se mit eener kolde, daer sloech dan de bloetgang to, men achtede de selvige kranckheit der pestilentie gelyck, jedoch sturven nicht veel luede.....''
 
Syn skiedskriuwerij fan Fryslân waard letter wersjoen troch [[Eilhardus Folkardus Harkenroth]] (1670-1732). In eardere edysje wie útjûn troch A. Matthaeus, dat basearre is op in oar manuskript en printe yn 1706 te Leien.
 
==Keppeling om utens==