Hegelânsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsje ferskowd
Rigel 19:
 
It Hegelânsk wurdt tsjintwurdich sprutsen troch likernôch 55.000 minsken en is ien fan 'e fitaalste dialekten fan [[Grinslân]]. Lykwols nimt it sprekkerstal stadichoan ôf, mei't in bûtenproporsjoneel grut part fan 'e sprekkers út âlderen bestiet.
 
 
== It "Bêste" Grinslânsk==
[[Ofbyld:Lânkaart_lokaasje_hegelânsk.GIF|left|thumbnail|De lokaasje fan it Hegelânske dialekt yn it Nedersaksyske taalgebiet.]]
 
It Hegelânsk wurdt oer it algemien sjoen as it meast karakteristike dialekt fan it [[Grinslânsk]], dat dêr yn syn geefste foarm sprutsen wurdt. Dat komt benammentlik trochdat yn it Hegelânsk de as typysk Grinslânsk beskôge twaklanken "ai" en "ou" in hiel protte foarkomme, bygelyks yn "''kouk''" ("koeke") en "''stain''" ("stien"). By in enkête út [[1991]] waard troch de grutte mearderheid fan 'e ûnderfrege lju it Hegelânsk oanwiisd as it "bêste" Grinslânsk.
 
 
== Grammatika ==
 
Krekt as yn it [[Frysk]] komt yn it Hegelânsk gjin aparte foarm fan it weromwurkjend foarnamwurd (yn it [[Nederlânsk]] "''zich''") foar; dus "''hee wast hom''" ("hy wasket him") yn stee fan "''hij wast zich''". Fierders wurdt yn it Hegelânsk it foarnamwurd "''hai''" sawol foar "hy" as foar "sy" brûkt, eat dat fansels ta betizing liede kin, want wa wasket wa yn "''hai wast hom''"? Hy himsels of sy him? In oar opfallend grammatikaal ferskynsel fan it Hegelânsk is it falle litten fan lidwurden, lykas yn 'e sin: "''Kou ligt ien sloot''" ("De ko leit yn 'e sleat").
 
[[Ofbyld:Lânkaart_lokaasje_hegelânsk.GIF|left|thumbnail|De lokaasje fan it Hegelânske dialekt yn it Nedersaksyske taalgebiet.]]
 
== Boarnen ==
* {{aut|Feenstra, H.}}, ''Duizend jaar Gronings taallandschap'', Bedum, 1998.
 
* Feenstra{{aut|Reker, HS.}}, ''Duizend jaar Gronings taallandschap'', BedumDen Haach, 19982002.
* {{aut|Sijs, N.}} van der, ûnder redaksje fan, ''Taaltrots - Purisme in een Veertigtal Talen'', Amsterdam/Antwerpen, 1999.
* Reker, S., ''Gronings'', Den Haach, 2002.
* Sijs, N. van der, ûnder redaksje fan, ''Taaltrots - Purisme in een Veertigtal Talen'', Amsterdam/Antwerpen, 1999.
 
[[Kategory:Grinslânsk]]