Stasjon Harns Haven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 6 des 2008 om 10.07

Stasjon Harns Haven is it einstasjon fan it spoar Ljouwert – Harns. It stasjon wurdt benammen brûkt troch reizgers dy't de fearboat nei Skylge of Flylân nimme of troch Harnzers dy't yn it sintrum wenje of toeristen dy't op it histoaryske stedssintrum ôf komme.

Stasjon Harns Haven

It stasjon waard iepene op 27 oktober 1863 en telt tsjintwurdich noch mar ien spoar. It hjoeddeiske stasjonsgeboutsje (sûnder loket) waard boud yn 1990.

Inkele jierren wie dit stasjon skrast út de tsjinstregeling fan it trajekt Ljouwert – Harns, mar nei oanlieding fan protesten is besluten de trein oerdei dochs wer trochride te litten nei Harns Haven.

Stasjon Harns Haven wurdt betsjinne troch de stoptreinen fan Arriva (foarhinne NoordNed).

Ferbinings