Akke Radsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
r6unom garre û.o. de LC
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 7 des 2008 om 18.10

Akke Cornelia Radsma ( Stiens 1922De Pein, 4 desimber 2008 ) wie in Fryske toanielspylster en foardraachster.

Akke Cornelia Radsma-Douma waard benammen bekend mei ‘Oer de hage’: in rige satiryske ferhaaltsjes fan Paulus Akkerman dy’t ein sechtiger en begjin santiger jierren op sneontemoarn útstjoerd waarden op de RONO. Hja ferhaalt dêryn benammen oer de plattelânsfroulju en oer har man Piter, dy’t der sadwaande gekleurd op kaam te stean. Sa gie se mei Piter nei de Sjinees. Piter mislik fan it iten en hja: "Do silst it opite Piter, wy hawwe der grou foar betelle!" De foardrachten waarden yn 2004 op de dûbel-CD “Oer de Hage” útbrocht. In earder ferskynde LP fan har wie “Op'e Nij”. Mei har eigen man Jan Radsma die se mei oan de revu fan Roel Oostra. Ek spile se mei yn it kabaret De Spinnekop, en spile yn iepenloftspullen. Boppedat wie se anneks mei it opnij spyljen fan winterjûnenochten.

Akke Radsma hat oant april 1997 op it toaniel stien.