Plato: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: sah:Былатыан
útwreide, -stobbe
Rigel 1:
[[Ofbyld:Head Platon Glyptothek Munich 548.jpg|thumb|right|210px|Plato]]
{{stobbe-skiednis}}
'''Plato''' (''[[Ald-Gryks]]: Πλατων, Platōn''; likernôch [[427 f. Kr.]], [[AtheneAtene]] – [[347 f. Kr.]], AtheneAtene) wie in [[GrikenlânGrikelân|Gryksk]] [[filosoof]] en [[skriuwer]].
 
Plato wie in learling fan [[Sokrates]]. Sels wie er de learaar fan [[Aristoteles]]. Benammen troch syn [[ideeënlear]], heart er ta de meast ynfloedrike tinkers fan de westerske filosofy.
 
== Libben==
Plato waard berne yn [[Athene]] en wie fan aristokratyske komôf. Hy krige in goede opfieding en wie tige suksesfol op sportyf en literêr flak. Ek wurdt er beskôge as de meast talintearre studint fan [[Sokrates]]. Nei de dea fan Sokrates folge Plato les by [[Euklides]] fan Megara.
 
Lykas as in soad oare Griken yn dy tiid emigrearre Plato nei [[Itaalje]]. Hy besiket in nij libben op te bouwen yn [[Magna Graecia]]
wat lykwols gjin sukses wurdt. Syn ferbliuw oan it hof fan [[Dionysius I]], hearsker fan [[Syracuse]], rint min ôf. Troch in mieningsferskil mei Dionysius oer de ideale [[steatsfoarm]] foel er yn ûngenede en waard nei alle gedachten in skoft finzen holden. set. Mooglik hat Plato ek rûn reizge en besocht er ek [[Egypte]].
 
De tragyske dea fan syn learmaster Sokrates en dyns opfettings hawwe him syn hiele libben dwaande holden en syn wurk beynfloedzje. By syn weromkomst yn Atene (yn [[387 f. Kr.]]) stifte hy in stúdzjemienskip, de ''Akademeia'', ferneamd nei de bosken fan Hekademus, dêr't hy de ûnbestride lieder bliuwe soe oant syn dea yn [[347 f. Kr.]]. Aristoteles soe syn wichtichste learling wurde.
 
== Wichtichste wurken ==
 
Plato is ien fan de net folle Grykske skriuwers út de klassike perioade dêr't folslein publisearre wurken fan beware bleaun is.
 
Hy ûnderskiedt him fan eardere en lettere filosofen troch it skriuwen fan dialogen, dêr't libbene persoanen gedachten mei inoar útwikselje oer konkrete situaasjes (meastentiids ferneamd nei ien fan de petearpartners). Hy ferkeas dizze dialoochform boppe de teoretyske útiensetting: op dizze wize ferheget er de libbendens fan syn wurk en foarkomt dêrmei gefaar wrâldfremd te wurden. Hy woe benammen dat syn wiisgearige ynsjochten oer in grut publyk ferspraat wurde soe, want neffens him liedt allinnich de filosofy de minske ta it wier gelok. Sadwaande binne syn ynsjochten yn syn skriften nea wiidweidich en systematysk útienset.
 
Nettsjinsteande it feit dat er him skeptysk útlit oer de wearde fan it skreaune wurd, hat er syn dialogen yn in sierlike en fersoarge taal skreaun dat syn wurk rekkene wurdt ta ien fan de hichtepunten fan de wrâldliteratuer.
 
* '''koarte "Sokratyske" dialogen''' (tiidrek fan sa. 399 – 390 f. Kr.):
** (lytse) ''Hippias'' : oer de dwaasheid fan de sofisten
** (grutte) ''Hippias'': oer ''"It skientme"''
** ''Protagoras'': oer de fraach ''"falt deugd oan te learen?"''
** ''Crito'': oer hearrigens oan de wetten
** ''Phaedo'': dêr't de omstannigen fan de dea fan Sokrates yn ferhaald wurde
** ''Apologia'' d.i. de (mooglike diels fiktive) ferdigeningsrede dy't Sokrates útsprutsen hawwe soe tsjinoer de rjochtbank dy't him ter dea feroardiele.
 
* '''oergangsperioade''' (tiidrek sa. 390-385 f. Kr.):
** ''Gorgias'': oer de ferdjerlike ynfloed fan de retoryk
 
* de '''"grutte" dialogen''' (perioade nei 385):
** ''Symposium'': oer leafde en erotyk
** ''Politeia'': oer de ideale steat
** ''Phaedrus'': oer de ideeënwrâld
** ''Theaetetus'': Plato’s wichtichste wurk dêr't ek krityk op syn eigen ideeënlear útwurke
** ''Timaeus'': û.o. oer [[Atlantis]]
** ''Nomoi'': oer de wetten
 
 
 
[[Kategory:Filosoof]]