Koarnwert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Map NL Wûnseradiel Koarnwert.png|thumb|right|De [[himrik]] fan Koarnwert.]]
'''Koarnwert''' is in terpdoarp yn de gemeente [[Wûnseradiel]], noard fan [[Makkum]]. It doarp hat likernôch 100 ynwenners (2004). Under it doarp falle de buorskippen Sotterum, Hou en Hiddum.
 
It is it berteplak fan [[Obe Postma]].
 
 
== Skiednis ==
 
Der moat om ende by Koarnwert al bewenning west ha yn'e Romeinske Tiid of earder. It is net wis oft der bewenning wie op de hjoeddeiske terp, mar by Sotterum binne spullen fûnen út'e Romeinske perioade.
Yn'e tiid fan [[Karel de Grutte]] of justjes letter waard it foar it earst neamd as "Quirnifurt" of "Quirnivirt" wat fan it Aldfryske "kwirnu" (betsjut mûne) en "wurpi" (betsjut terp) ôfkomt. De namme kaam foar yn akten fan it Dútske [[kleaster fan Fulda]], dy't skinkingen ûntfong fan 12 pleatsen yn Koarnwert.
De tsjerke is fan om ende by 1150 en is wide oan [[St.Bonifasius]]. Yn'e midsiuwen wie Koarnwert in wichtich hannelsplak, want it lei strategysk oan'e iennige farrûte nei Makkum fanút it noarden, wêr't de slûzen nei de [[Súdersé]], dy't fan great belang wie, fan it wetterôffier fan de doe machtige [[Hânsestêd]] [[Boalsert]]. Der waard hannele mei keaplju út û.o. [[Hamboarch]] en [[Hollân]]. Ut âlde registers komme nammen as "Cornwürth" en "Coernwaert" foar.
Nei de Hollânske nederlaach by de [[Slach by Warns]] op [[26 septimber]] [[1345]] mochten de Hollanners mar yn 3 Fryske plakken hannel driuwe, te witten Koarnwert, [[Harich]] en [[Holwert]].
Yn'e rin fan'e 15e ieuw naam de betsjuttenis fan Koarnwert ôf en waard it njonken lizzende Makkum hieltyd wichtiger. Koarnwert waard mear in fiskers- en boeremienskip.
Yn [[1496]] waard Koarnwert it toaniel fan de fjochterijen tusken de [[Skieringers]] en [[Fetkeapers]]. Edo (Hidde) Jongema dy't op'e pleats fan Hiddum wenne wie in foaroansteande Skieringer. De Fetkeapers û.l.f. [[Tsjerk Walta]] fan Boalsert woene him krije en hy ferskânste himsels yn'e tsjerketoer. Tsjerk Walta kaam mei in legerke fan Boalserters en Warkumers nei Koarnwert en belegeren de tsjerketoer wêr't Edo yn siet. Syn freon Sjoerd fan Beyma kaam mei in legerke man út [[Wytmarsum]], [[Arum]] en [[Frjentsjer]] en skeaten him ta help en wisten Tjerk Walta en syn mannen te ferdriuwen.
Yn [[1640]] waarden der 15 boerepleatsen teld dy by Koarnwert hearden. Dat Koarnwert in rike boeremienskip wie is op te merken oan de talleaze ferbouwings fan de tsjerke te witten yn [[1510]], [[1580]], [[1740]] en yn [[1898]] doe't de âlde sealtektoer ferfongen waard troch in spitse toer dy't ek foar in beaken tsjinne foar de skipfeart op de Súdersé. De lânbougrûn rûnom Koarnwert wie fruchtber en yn [[1780]] is it [[Silaardermar]], dat tusken Koarnwert en [[Wûns]] lei, droechlein.
Koarnwert libbe no fan'e lânbou en fiskerij, mar de lêste naam ek ôf mei oanlis fan de
[[Ofslútdyk]] yn [[1932]].
Mei de [[Dútske besetting]] op [[10 maaie]] [[1940]] waard der om ende by Koarnwert hurd fochten. De [[Wûnsliny]], dêr't lân fanôf [[Surch]] oer Wûns nei Makkum ûnder wetter set waard om de fijân te kearen, rûn om Koarnwert hinne. Mar de [[Dútsers]] brutsen der troch hinne en Koarnwert waard beset gebiet. Oant op [[18 april]] [[1945]], doe't de [[Kanadezen]] kamen dy't [[Fryslân]] fan de Dútske besetter befrijde. Dêrbij rekken noch wat pleatsen op Hiddum en [[Haaium]] (ûnder Wûns) yn it midden fan 'e fjochterijen en rûnen in protte skea op.
Koarnwert hie in skoalle dy't yn [[1934]] slúten is. Yn [[1998]] is ek de lêste sneinstjinst holden yn'e tsjerke fanwege it lytse tal minsken en binne no oanwiisd op Makkum.
 
Oan de Sotterumerdyk by Koarnwert stiet in [[mûne]], de saneamde ''Koarnwertermûne''. Dizze mûne hat yn [[1907]] fergunning krigen. It bemeallen fan de polder hearde oant [[1972]] tot de taken fan dizze mûne.