Fryske flagge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "86.81.49.56" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "217.123.195.71".
Rigel 5:
De '''Fryske flagge''' is: "Yn blau trije rjochtsskeane banen, mei dêrop sân reade pompeblêden, oardere twa, trije, twa." Dat tal fan sân banen en sân pompeblêden is in ferwizing nei de [[Sân Seelannen]]. De foarm fan de pompeblêden is presiis fêstlein; it meie gjin herten wêze.
 
== Oarsprong ==
De flagge is nei alle gedachten yn dizze ferzje makke troch de Famylje De Zee te [[Jirnsum]], om [[1895]] hinne, en sa'n twa jier letter yn de hannel brocht. De flag wie nei sizzen makke nei in âlde print fan it Fryske wapen, dy't spitigernôch yn 1923 troch brân ferlern gien is. Sûnt lykernôch 1880 wienen yn inkelte gefallen al eardere flaggen mei sa'n selde motyf brûkt. Dat motyf is oernaam fan de wapens fan de [[Fryske keningen]] sa't dy yn de [[15e ieu]] en letter yn de wapenboeken stiene. It tal banen en pompeblêden wie op de ôfbylden al oars.
Der wienen gauris acht banen, en it tal pompeblêden wie meast alve, al is elts getal van sân oant alve wolris tekene.
In opfallend ferskil mei de hjoeddeiske flagge is dat de lytse baan boppenoan yn de punt yn de ôfbylden altyd wyt is, dêr't dy by de flagge blau is.
Men nimt oan dat nei dizze wapenboeken, oan it begjin fan de [[19e ieu]] in wapen mei it no bekinde patroan tekene waard, en oan it ein fan de ieu de Fryske flagge mei datselde patroan.
 
Mar noch âlder dan de wapenboeken is it Noardske [[Gûdrûnliet]], út likernôch de âlfde ieu. Dat ferhellet fan foarfallen út de njoggende ieu, en dêrby wurdt de flagge fan Hear [[Herwik fan Seelannen]] beskreaun,dy't in wolkeblaue flag mei seeblêden hat.
 
== Goedkarring ==