Ychten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - oars: en:Echten
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 14:
 
==Skiednis==
Yn 1511 wurdt Ychten skreaun as Echtna, lizzende yn de [[gritenij]] fan [[Lemster Fiifgea]]. Dat it doarp âld is, blykt wol ú âlde stikken fan it jier [[1200]] doe't der 23 húshâldings wennen. De tsjerke hat ek in rike histoarje en is neamd nei de hillige [[Lourentsius]] anno [[1597]]. Begjgin [[1825]] hat de tsjerke in skûlplak en r6edingrêding west foar in soad minsken, want yn dat jier hat der in grutte oerstreaming west mei as gefolch dyktrochbraken. It wetter stie doe op in soad plakken 1.50 meter boppe it [[meanfjild]]. Fan de 182 wenten dy't destiids yn Ychten stienen, binne mear as 150 diels slims skansearre en ferdwûn. Krekt yn dy tiid wie de feanterij al drok oan'e gong. De op it fjild steande foarrieden [[turf]] spielden fuort, fee ferdronk, wêrtroch de earmoede dêrnei ek tige grut wie.
 
==Geografy==
Yn it gebiet fan Ychten binne yn de [[19e ieu]] inkele fearten groeven foar de ôffier fan turf. In foarbyld hjirfan is de yn it súdeastlike diel lizzende [[Klynsmafeart]]. Fierder de [[Middenfeart (Ychten)|Middenfeart]] en de [[Giterske Feart]], dat op it gebiet fan [[Eastersee]] leit. Oarspronklik in gebiet mei in soad bosk ôfwiksele mei stikjes greidlân. Nei [[1750]] is dit gebiet foar in grut part fergroeven foar [[turfwinning]] en hat it gebiet yn de rin fan de tiid grutte feroarings ûndergien.