Kristoffel Bearend fan Galen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
De Lemmer fan fy:
Rigel 10:
De twadde kear besocht hy yn de [[Hollânske Oarloch]] as bûnsmaat fan [[Loadewyk XIV fan Frankryk]] yn it rampjier [[1672]] de stêd Grins te feroverjen, wat him de bynamme ''Bommen Bearend'' oplevere. De Grinzers skeaten werom mei it kanon de [[Grutte Gryt]]. Troch tadwaan fan [[Carl von Rabenhaupt]] moast Von Galen syn besykjen dêrom stake. Op [[17 augustus]] [[1672]] hefte hy it belis op. De ein fan it belis stiet bekend as [[Grinzer Untset]]; it wurdt jierliks fierd op [[28 augustus]].
 
De stêd Grins liet in grut skilderij fabnfan it belis meitsje. In portret fan Von Galen hat der yn Grins net hong, oant op [[5 maaie]] [[2004]] op in grutte [[feiling]] by [[Sotheby's]] in skilderij oanbean waard dat út it famyljeslot ''Haus Assen'' yn [[Münsterland]] kaam. De ''Feriening fan Freonen fan it Grinzer Museum'' kocht dit skilderij en joech it yn brûklien oan it [[Grinzer Museum]].
 
It portret is net sinjeard mar fermoedlik makke troch [[Jacob Quinchard]] út [[Wesel (stêd)|Wesel]], hofskilder fan de biskop.
 
Yn 1672 besocht Fan Galen ek [[De Lemmer]] ûnder syn bewâld te krijen, mar dy misje mislearre.
== Bynammen ==
Behalve ''Bommen Bearend'' waard Bernard fan Galen ek de ''Swinebiskop'' neamd omdat hy út it lân fan de ''Westfaalske hammen'' kaam.