Wim Duisenberg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Andre Engels - robot Erbij:fr
B. (oerlis | bydragen)
L stavering
Rigel 1:
'''Wim Duisenberg''' ([[9 july]] [[1935]]) folút ''Willem Frederik Duisenberg'', ekonoom en bankier, is berne op [[it Hearrenfean]] op 9 july 1935. Wim Duisenberg wie de earste presidentpresidint fan de [[Europeeske Sintrale Bank]] en ien fan de driuwende krêften efter de ynfiering fan de Euro.
 
Hy brocht syn jonge jierren troch yn [[Akkrum]] dêr't syn âlders in bakkerij hienen. Hy folge de [[H.B.S.]] op it Hearrenfean en gie op syn 19e nei [[Ryksuniversiteit Grins]] dêr't er ekonomy studearre.
 
Duisenberg wie fan [[1970]] oant [[1973]] perfessorprofessor yn de makro-ekonomy oan de [[Universiteit fan Amsterdam]], en fan 1973 oant [[1977]] [[minister]] fan [[Ministearje fan finânsjes|finânsjes]] yn it [[Kabinet-Den Uyl]]. Yn 1977-1978 siet hy út namme fan de [[PvdA]] yn de [[Twadde Keamer]], mar naam dêr ôfskied om bestjoersfoarsitter te wurden fan [[Rabobank Nederlân]].
 
Fan [[1982]] oant [[1997]] wie Duisenberg presidentpresidint fan de [[Nederlânske Bank]], dêrnei waard hy aktyf yn de [[Europeeske Monetêre Uny|EMU]]. Yn [[1998]] waard hy de earste presidentpresidint fan de Europeeske Sintrale Bank, mei de Frânsman [[Christian Noyer]] as fice-president. Hy soe dy funksje yn earste ynstânsje op 9 july [[2003]] op syn 68e jierdei dellizze. Syn opfolger, Jean-Claude Trichet, wie yn Frankryk yn opspraak rekke, en earst neidat in ûndersyk nei syn hanneljen by de teloargong fan de bank [[Credit Lyonnais]] troch de Frânske jústysje ôfrûne wie, koe Duisenberg op [[1 novimber]] 2003 syn funksje oerjaan.
 
[[de:Wim Duisenberg]]