Raerd: ferskil tusken ferzjes

35 bytes grutter ,  13 jier lyn
red
(red)
'''Raerd''' (Rauwerd), is in [[Fryske doarpen|doarp]] yn [[Boarnsterhim]], mei 602 ynwenners (1 jannewaris 2003). Raerd lei oarspronklik oan de rivier [[De Boarn]] en oan de [[Middelsee]]. It wie it haadplak fan de eardere gemeente [[Raerderhim]]. Raerd is net itselde plak as [[Raard]] ([[Dongeradiel]]). Ta it gebiet fan Raerd heart ek it buorskip [[Flânsum]].
 
Raerd is in [[terpdoarp]] deun by de wei fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] nei [[Snits]]. By die wei hat eartiids ek in [[state]] west, [[Jongema State]], dêr't no allinnich de poarte noch fan oerein stiet. Op dit stee is no in park mei beammen op in terrein mei [[stinzeplant]]en. Dit park wurdt beheard troch [[It Fryske Gea]]. Utsûndere de maitiid is it park frij tagonklik foar it publyk. De ynwenners hawwe de [[Skelwurd|bynamme]] "Raerder Roeken", troch it grut tal roekenêsten dat op it [[Jongemastate|terrein fan de eardere state]], yn'e folksmûle de "Raerder Bosk" neamd, te finen is.
 
== Ferskaat ==
*It doarp is ien fan de einpunten fan de [[Slachtemaraton]], in kulturele maraton oer de âlde [[Slachtedyk]] troch it Fryske lânskip tusken Raerd en [[Easterbierrum]].
*Raerd leit ek oan de westrûte fan it [[Jabikspaad]].
*It doarp is ek de thúshaven fan it [[IFKS]]-[[skûtsje]] de [[Raerder Roek]].
*De herfoarme tsjerke is fan [[1814]].
 
== Mienskip ==
Yn 2000 is it Doarpshûs Raard oprjochte, mei arsjitekt [[Rein Hofstra]] waard it eardere kafee ferboud. De feriening foar Doarpsbelang hat hjir har gearkomsten. "Praet van Raerd" is de doarpskrante. Stifting Festiviteiten Kommisje Raerd, ek wol merkekommisje neamd, regelt de festiviteiten yn it fjirde wykein fan augustus. Foar de jongerein wurdt der yn de wintermoannen wat organisearre yn sportkantine "Jongemakrite". Oan de Seelânwei stiet basisskoalle It Raerderhiem.
=== Ferienings ===
* Nije Moed - toaniel
* De Tûke Roeken - karnaval
* Dokumintenkommisje
* Euphonia - koar
* Stifting Farrend Erfgoed
* OSO - gymnastyk
* iisklub Raerderhim
* tennisferiening
*KF Kuorbalferiening Wês Wis - kuorbal
* Miss Stoot - biljerten
 
=== Befolking ===
*[[2007]] - 614
 
== Strjitten ==
Aldfeartswei, Buorren, De Blink, [[De Dille]], De Pôle, [[Flânsum]], Frijhofke, Hegedyk, It Fintsje, Kleaster, [[Poppenwier]]sterdyk, Seelânswei, Skoalstrjitte, Slotsdyk, Smitshoeke, [[Snits]]erdyk, Sylsterhoeke.
 
56.999

bewurkings