Creative Commons: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L grr...
tsja...
Rigel 1:
[[Image:CreativeCommond logo trademark.svg|thumb|It logo fan ''Creative Commons'']]
'''Creative Commons''' (CC) is in fan oarsprong Amerikaansk projekt, dat it ta stân kommen fan [[iepen ynhâld]] begeunstigje wol. It wol it mooglik meitsje dat kreatyf wurk frijer beskikber steld wurdt as yn it tradisjonele [[auteursrjocht]] kin, sadat sokke wurken bygelyks ienfâldiger kopieard en ferspraat wurde kinne en oaren der fierder oan wurkje kinne. Creative Commons biedt ferskate frije [[lisinsje|lisenjeslisinsjes]] oan, dy't copyrighthâlders brûke kinne om by it ferspreiden fan ynformaasje problemen foar te kommen dy't yn it hjoeddeiske auteursrjocht oan it ljocht komme kinne.
 
It projekt is yn 2001 oprjochte troch ûnder oaren [[Lawrence Lessig]], in Amerikaan dy't in makliker auteursrjocht foarstiet. Creative Commons omfettet in oantal ynternasjonale projekten om de frije lisensjeslisinsjes oer te setten fan it Ingelsk yn oare talen en fan it Amerikaanske rjocht nei oare rjochtsystemen.
 
== LisensjesLisinsjes ==
Der binne alve frije lisensjeslisinsjes fan Creative Commons, dy't bestean út kombinaasjes fan de folgjende eleminten:
* '''BY''' (''Attribution''): it kopieare, ferspreide, fertoane en útfoere van it wurk en ôfliede wurken is tastien, op foarwaarde dat de namme fan de orizjinele auteur fermeld wurdt;
* '''NC''' (''Non-commercial''): it kopieare, ferspreide, fertoane en útfoere van it wurk en ôfliede wurken mei net foar kommersjele doelen;
Rigel 11:
* '''SA''' (''Share Alike''): it ferspreide fan it wurk is allinnich tastien ûnder in fergelykbare frije lisensje (sjoch ek [[copyleft]]).
 
De ferskate CC-lisensjeslisinsjes wurde neamd nei de eleminten wêr't se út bestean. Sa is der bygelyks CC-BY, wêrfan BY wol, mar NC en SA net part binne, of CC-BY-NC-ND, dy't bestiet út BY, NC en ND, mar net út SA.
 
De CC-lisensjeslisinsjes wurde ûnder mear brûkt op de projekten fan de [[Wikimedia Foundation]], lyk as Wikipedy, Wikinijs, Wikiboarne en Wikiboeken. Fierder kin op [[Wikimedia Commons]] multimediamateriaal, sa as bygelyks foto's en yllustraasjes, ûnder ien fan de frije foarmen fan dizze lisensjeslisinsjes delsetten wurde, dy't dan brûkt wurde kinne op alle projekten fan de Wikimedia Foundation.
 
== Oanpassings foar Nederlân ==
It [[Instituut voor Informatierecht]] fan de [[Universiteit van Amsterdam]] (IViR) hat yn gearwurking mei de ''Waag Society'' en de stifting ''Nederland Kennisland'' Nederlânske ferzjes fan de CC-lisensjelisinsje ûntwikkeld, troch dizze oer te setten nei it Nederlânsk en oan te passen oan it Nederlânske rjocht. De Nederlânske ferzje is te finen op de webside fan Creative Commons. In Fryske ferzje is op dit stuit net beskikber.
 
== Sjoch ek ==
Rigel 23:
==Eksterne keppelings==
* {{en}}[http://www.creativecommons.org www.creativecommons.org]
* {{en}}[http://creativecommons.org/licenses/ De alve CC-lisensjeslisinsjes]
* {{nl}} [http://www.creativecommons.nl/ Creative Commons Nederland]
* {{nl}} [http://www.nrc.nl/media/article308703.ece NRC Handelsblad, 8 maaie 2006 - Elda Dorren: ''Copyright voor kunstenaars - Creative Commons licentie versimpelt auteursrecht op internet'']