Pipernuten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 22 des 2008 om 13.34

Pipernuten, binne snobbersguod dat faak mei Sinteklaas iten wurdt en fan roggemoal mingd mei in bytsje anys makke wurdt. Pipernoten wurde fan itselde daai makke as taai-taai.

Pipernuten

De wenstige wize fan optsjinjen id dat men de pipernuten troch de keamer struit, sadat de bern se opsykje kinne. De struiiende earm wiist werom op it symboal fan fruchtberheid, op de boer dy't syn ikker mei sied bestruit. Fanâlds waard dit fruchtberheidsbegjinsel begjin desimberdien, in bytsje te fergelykjen mei it struien fan rys of konfetti, wat tsjintwurdich faak op brulloften bart.

Eartiids waarden pipernuten mei muntstikken mingd, tsjintwurdich mei sûkerguod. It struiejn mei munten komt út in âlde leginde wêrby't de hillige Sint Nikolaas trije jonge famkes tsjinkaam, waens heit de breidsskat net betelje koe en syn dochters twong om de prostitúsje yn te gean. Sint Nikolaas smiet se doe in hânfol munten ta, wêr't se dêrnei dochs harren breiddsskat mei betelje koenen.

Pipernuten wurde fakentiden betize mei krûdnuten. Se binne lykwols folle sêfter en fan in oar soarte daai makke. Krûdnuten wurde nammers makke mei spekulaaskrûden en lykje dêrom mear op spekulaas.

Sjoch ek