Hunebêd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JAnDbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: hy:Դոլմեն
útinoar helle
Rigel 2:
In '''hunebêd''' of '''dolmen''' is in megalityske ([[Gryksk]]: mega = grut, lithos = stien) stienkeamer út de [[prehistoarje]], troch minsken makke, dy't bestiet út steande ''draachstiennen'', oerdekt troch platte ''dekstiennen''. Hunebêden en oare dêrmei te fergelykjen [[bouwurk|bousels]] binne yn hiel Noardwest-Jeropa fûn fan [[Portegal]] oant [[Denemark]] en yn Grut-Brittanje en Ierlân. Guons hawwe oan de binnenkant ynskripsjes of fersiersels dy't yn de stien beitele binne. Eartiids waarden hunebêden oerdekt mei ierde sadat sy op grutte heuvels liken.
 
Yn Nederlân steane noch 54 hunebêden, wêrfandêr't 52 fan yn de provinsje [[Drinte]]. De oare twa steane yn de provinsje [[Grins]]. In skoftlang is der ek fan útgongen dat yn [[Gaasterlân]] yn Fryslân oerbliuwsels fûn wienen fan in hunebêd, mar út letter ûndersyk dy bliken dat hjir sprake wie fan in saneamde [[stienkiste]]. Troch [[A.E. van Giffen]] waard yn de earste helte fan de [[19e ieu]] foar it earst strukturearre [[argeology|argeologysk]] ûndersyk dien en oer de hunebêd publisearre.
 
In soad hunebêden binne yn de rin fan de ieuwen fernield, omdat de stiennen brûkt waarden as boumateriaal foar wegen en huzen. In goed foarbyld is de Grutte Tsjerke yn [[Emmen]] dêr't foar de ûnderkant fan de toer stiennen fan hunebêden brûkt binne. Ek binne guon hunebêden ferwoaste troch [[religy|religieuze]] fanaten yn earder tiden, omdat sy se as [[heiden]]ske bouwurken beskôgen.