Surch: ferskil tusken ferzjes

87 bytes grutter ,  13 jier lyn
ôfbyld fan nl:
(befolking)
(ôfbyld fan nl:)
[[Ofbyld:Map NL Wûnseradiel Surch.png|thumb|300px|right|de [[himrik]] fan Surch]]
[[Ofbyld:Zurich_dijk.jpg|thumb|300px|right|Utsjoch op Surch fan de dyk ôf]]
'''Surch''' is in doarp yn de gemeente [[Wûnseradiel]], oan de seedyk tusken [[Harns]] en de [[Ofslútdyk]]. It leit wat benoarden fan it plak wêr't de Ofslútdyk de Fryske kust berikt. It doarp hat likernôch 160 ynwenners (2004). Troch de bou fan de Ofslútdyk tusken 1922-1932 wie der in soad te rêden yn it doarp.
 
== Namme Surch ==
De namme Surch is wierskynlijk ôflaat fan ''Suderinghe'' wat ''súdhoeke'' betsjutte soe. It ûntstie op de súdlike ouwer fan de [[Marne]].
 
It tsjerke (mei sealdaktoer) fan Surch waard yn [[1772]] ôfbrutsen, mar de toer bleau stean troch syn funksje as beaken foar de skipfeart. In lytse hûndert jier letter waard der in nije tsjerke tsjinoan boud.
 
== Mienskip ==
Surch hat in eigen feriening foar Doarpsbelang.
=== Sport en rekreaasje ===
Troch it plak rint ek de Jeropeeske Kuierrûte E9, ek wol [[North Sea Trail]] neamd. De E9 rint lâns de kust fan [[Portegal]] nei de [[Baltyske steaten]].
 
De keatsferiening hat syn fjild oan de Suderigge.
=== Befolking ===
*[[1954]] - 354
*[[1959]] - 315
Op [[1 jannewaris]] [[1830]] telde it doarp 152 ynwenners. Troch de oanlis fan de Ofslútdyk naam it ynwennertal ta, en yn [[1958]] wennen der 340 minsken. Sûnt de wei nei de Ofslútdyk net mear troch it doarp rint, is itynwennertal wat ôfnomd. In basisskoalle dy't yn [[1986]] boud waard, moast tsien jier letter sluten wurde troch te min bern.
 
== Strjitten ==
Ald Mar, [[Caspar de Robles]]dyk, Fabryksstrjitte, [[Goaium]]erwei, It Leech, Tsjerkestrjitte, Ottenbuortsterleane, Skoallestrjitte, Stienleane, Suderigge, Fiadukt.
 
56.999

bewurkings