Iesdoarp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:Esdorp
tikflaterkes + dêr't en wêr't
Rigel 1:
In '''esdoarp''' of '''brinkdoarp''' is ien fan de doarpsfoarmen op de sângrûnen yn Nederlân, oer it algemien ûntstien yn de [[Hege Midsieuwen]]. Eskdoarpen binne in soad te finen yn [[Drinte]], lykas [[Diever]], [[Orvelte]], [[Dwingelo]] en [[Vledder]]. Ek [[Assen]], [[Emmen]] en [[Grins (stêd)|Grins]] binne fan oarsprong esdoarpen. In oar gebiet mei in soad oarspronklike esdoarpen is [[It Goai]], bygelyks [[Laren (Noard-Hollân)|Laren]]). Fierders binne se te finen yn [[Noard-Brabân]] en [[Limburch]]. Fryske esdoarpen lizze yn de Stellingwerven, lykas [[Aldeberkeap]] en [[Bakkefean]].

De doarpen hawwe in oantal mienskiplike kenmerkenskaaimerken:
#Der is in [[brink (doarpsplein)|brink]].
Oarspronklik lei sa’n brink oan de râne fan it doarp (fergelykje it Ingelske ''brim'' = "râne") wêr’tdêr’t de kij en skiep jûns en moarns gearkamen. Op dy brink plante menwurde [[iik|iken]] of [[popelier]]en planten om te brûken as boumaterialen. Troch deit groeiwaaksen fan de doarpen kaam dy brink letter faak yn it sintrum fan it doarp te lizzen. Boppedat wardenwaarden op de brink merken hâlden, wêrtroch’tdêr’t in sintrale funksje troch krige. It moat ûnderskieden wurde fan it ier-midsieuske [[tij]], dat meastal in mear minsklike funksje hie, en dus net foar it fee.
#Der is in [[Es (geografy)|es]].
De es wie de mienskiplike ikker. Faak lei dy wat heger as it doarp. Dy hege lizzing is diels ûntstien troch de wize fan bedongjen fan de essen, en foar in part trochdat de lokaasjes fan harsels al heger leinen
#Der is in [[beek]].
Yn beekdalen leinen meastentiids healannen foar winterfoer foar it fee..
#Bylâns de beek lizze [[miede]]n, fergelykje it Ingelske ''meadow'') en healannen.
Dy miedlannen waarden mienskiplik beweide troch kij. De wietere healannen waarden ien kear yn’t jier meand.
#Der is in “fjild'' ([[heide (fegetaasje)|heide]]).
Op dat fjild waard de skiep fan it doarp hoede troch de doarpsharder. Ferskate nammen wize noch op de relaasje tusken doarp en fjild, lykas [[Dwingelderveld]] (it fjild fan Dwingelo, no in [[nasjonaal park]]) en [[Orvelterveld]] (it fjild fan Orvelte, no in lânbougebbietlânbougebiet mei nije pleatsen).
#De pleatsen steane by elkoar yn it doarp.