Twellingea: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Ferienings: fuotbalferiening
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 3:
 
It doarp, dat oan [[it Ges]] en de [[Easterbrêgesleat]] leit, foarmet tegearre mei [[Toppenhuzen]] it twillingdoarp ''Top en Twel''. Oan de súdkant fan it doarp leit it [[Prinses Margrietkanaal]], it Ges jout it doarp ferbining mei de [[Houkesleat]]. Fia Toppenhuzen hat it doarp oer de wei ferbining mei Snits. De lizzing oan it wetter, ticht by de [[Snitser Mar]], makket it doarp geskikt foar de wettersport.
 
Ten noardeasten fan Twellingea stiet de yn de [[19e ieu]] boude [[Geaumole]], dy't it natoergebiet de [[Geaupolder]] bemealt. Hy docht dit tegearre mei twa [[Wynmotor|Amerikaanse wynmotors]], de [[Wynmotor Twellingea 1|wynmotors Twellingea 1]] en [[Wynmotor Twellingea 2|2]].
 
== Mienskip ==
Yn it multyfunksjonele sintrum It Harspit, boud yn 1980 sitte it doarpshûs en basisskoalle It Harspit. Feriening Pleatslik Belang hat in beliedsplan "De Twilling ûnderweis nei 2015" opsteld. De Twilling is it doarpskrantsje fan Top-en-Twel.