Wurdum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 2:
'''Wurdum''' (''Wirdum'') is in [[terpdoarp]] yn it [[Sudertrimdiel]] yn de gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]]. It doarp lei likernôch 5 kilometer súd fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. It is it krúspunt oan de noardein fan de [[A32]], dy fan dêr [[N32]] wurdt. Wurdum hat 1.236 ynwenners (2005).
 
Op [[19 oktober]] [[1507]] waard [[Viglius]] (Wigle) fan Aytta berne op Barhûs ûnder Wurdum. Wigle wie in soan fan Folkert fan Aytta dy't de eartiidse úthôf fan it Burgumer kleaster fan 1503 ôf yn erfpacht hie. Hy wie lid fan it Hôf fan Fryslân, foarsitter fan de Rie fan State, riedshear fan [[Karel V]] en foarsitter fan 'e Geheime Rie. Hy stifte yn [[1572]] in godshûs en in kapel yn Swichum
 
De Ald-Swichumerdyk wie oant [[1864]] it ienige paad nei Swichum dat doe slim isolearre lei. De reed begûn op Barrahûs, njonken de pleats mei it soldaatsje en rûn by Wurdum en Eysingastate lâns oer in losse brêge oer de [[Wurdumer Feart]] nei Swichum.