Frederiksoard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
 
tikflaters7
Rigel 3:
'''Frederiksoard''' ([[Drintsk]]: ''Freriksoord'') is in doarp yn it súdwesten fan de [[Nederlân]]ske provinsje [[Drinte]], yn de gemeente [[Westerveld (gemeente)|Westerveld]]. It ûntstean fan Frederiksoard hinget gear mei de skiednis fan de [[Maatskippij fan Woldiedichheid]], dy't yn [[1818]] oprjochte waard.
 
Dizze stifting ûntgûn de woeste grûnen op trije kilometer ôfstân ten westen fan [[Vledder]] en stifte dêr koloanjes, wêrdêr't de ferpaupere befolking út de grutte stêden in bestean fine koe.
 
Ut de koloanjes I en II ûntstie it doarp Frederiksoard. De koloanjes III en IV waarden it doarp [[Wilhelminaoard]]. Oare doarpen dy't de maatskippij stifte wienen [[Willemsoard (Stienwikerlân)|Willemsoard]] (Noardwest-Oerisel) en [[Boschoord]]. Frederiksoard wurdt wiidweidich beskreaun yn [[1823]] yn it deiboek fan [[Jacob van Lennep]] dy't mei syn freon [[Dirk van Hogendorp (1797-1845)|Dirk van Hogendorp]] in fuottocht troch Nederlân makke en yn july fan dat jier ek yn Frederiksoard kaam.
 
Frederiksoard krige lanlike bekendheid neidat de Maatskippij fan Woldiedichheid yn [[1884]] de 'Gerard Adriaan van Swieten' [[túnbou]]skoalle stifte. Dizze túnbouskoalle, de âldste fan Nederlân, is yn novimber 2005 ferhuze nei Meppel. It is no in [[Middelber beropsûnderwiis|mbo]]-oplieding dy't by in [[aocAOC]] heart.
 
Yn it doarp, dat in pear hûndert ynwenners hat, lizze de tunen fan de túnbouskoalle, it museum 'De Koloanjehof' fan de Maatskippij fan Woldiedichheid, en fierders in hotel, de fruitkolleksje fan de Noardlike Pomologyske Feriening en it lângoed 'Huize Westerbeek'.