Isidoarus fan Sevilla: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: right|thumb|200px|Isidorus mei syn ensyklopedy, skildere troch [[Murillo.]] '''Isidorus fan Sevilla''' (Kartagena, 560 - Sevilla, [[4 april]...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 27 des 2008 om 20.25

Isidorus fan Sevilla (Kartagena, 560 - Sevilla, 4 april 636) ek wol Isidoor neamd is de beskermhillige fan it ynternet. Syn hjeldei is 4 april. Isidorus waard troch de Roomsk-Katolike Tsjerke hillich ferkleare yn 1598 en yn 1722 ta tsjerkeleraar ferheft. Hy is benammen bekend wurden troch de ensyklopedy dy't er gearstalde.

Isidorus mei syn ensyklopedy, skildere troch Murillo.

Libben

Isidorus, berne yn Kartagena, wie de soan fan Severianus en Teodora en libbe yn Spanje yn de Iere Midsieuwen. Syn famylje levere ferskate wichtige geastliken lykas syn bruorren Leander en Fulgentius, beide biskop, en syn suster Florentina dy't talrike kleasters stifte. Hy folge syn broer Leander op as aartsbiskop fan Sevilla. Syn oare broer Fulgentius wie biskop fan Astigi.

Isidorus wie biskop yn it roerige tiidrek dat folge nei de fal fan it West-Romeinske Ryk. Hy besocht de Goatyske kultuer fan de Fisigoaten, dy't Spanje sûnt de Grutte Folkeferfarren beset holden, mei de oerlevere Romeinske kultuer en de kristlike lear te kombinearen. Derby roege hy ek de lêste fan it arianisme út doe't hy de Fisigoatyske kening Reccared I ta it katolisisme bekearde. Hy wie prominint oanwêzich op it Konsylje fan Sevilla yn 619 en it Konsylje fan Toledo yn 633. By dat lêst konsylje stelde hij seminaarjes yn by alle Spaanske katedralen. Gryksk, Hebrieusk en de frije keunsten as stúdzje stelde hy dêrby ferplicht, wylst rjochten en medisinen troch him oanmoedige waarden. Troch dizze inisjativen fan him, is foar in grut part te tankjen dat in soad klassike kennis troch de midsieuwen hinne yn Spanje behâlden bleaun is.

Encyclopedist

Isidorus skreau meardere boeken, mar is benammen ferneamd wurden as earste gearstaller fan in ensyklopedy, de tweintichdielige Etymologiae. Oare skriften fan Isidorus binne biografyske wurdenboeken, synonimenwurdenboeken ("De differentiis verborum", "De differentiis rerum", "Synonyma") en Kronikenen ("Chronicon"). Dêrneist ferskine teologyske, taalkundige en natuerhistoaryske wurken fan syn hân. Syn ensyklopedy wie tidens de midsieuwen tige populêr en waard ûntelber kearen kopiearre. Der binnair en werd talloze malen gekopieerd. Er zijn nog vele handschriften van bewaard gebleven.

Beschermheilige

Isidorus is troch syn ensyklopedyske wurk de beskermhillige fan de katalogus, de ensyklopedy en (sûnt 2003 net offisjeel) it ynternet. Hy wurdt ôfbylde mei in inketpôt, in guozzefear en in boek. Soms draach hy vanwege zijn prediking een bijenkorf bij zich. Tsjintwurdich wurdt hy ek ôfbylde mei in kompjûter of in Toetseboerd.

 
Sint Isidorus en biskop Braulio fan Zaragoza.

Wurken

  • Etymologiarum libri viginti
  • De natura rerum
  • Sententiarum libri tres
  • De ecclesiasticis officiis
  • Regula monachum
  • De ordine creaturarum
  • Differentiae
  • De fide catholica contra Iudaeos
  • Synonymorum
  • Chronica maiora
  • Historia de regibus Gothorum, Vandalorum et Suevorum
  • Questiones in vetus testamentum
  • De ortu et obitu patrum

Keppeling om utens