Geart Aeilco Wumkes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oare opset en noch wat ynformaaste fan nl tafoege
Rigel 2:
 
==Libbensrin==
Geart Aeilco Wumkes waard yn 1869 berne yn in [[ortodoks-protestantisme|ortodoks-protestants]] gesin fan [[East-Fryslân|Eastfrieske]] komôf. Syn heit wie fabrikant fan [[naai-jern]]. Nei de legere skoalle en de Frânske skoalle yn De Jouwer te hawwe dien, ferbleau hy fan 1883 oant 1889 op it ynternaat [[Ruimzicht]] yn [[DoetinchemDoetigem]], dat doe ûnder lieding stie fan de troch it Réveil ynspirearre dûmny [[J. van Dijk]] (dêr't Wumkes yn 1917 in [[biografy]] oer skriuwe soe).
 
Nei syn stúdzje teology yn [[Doetigem]] en dernei yn [[Utert (stêd)|Utert]] waard hy herfoarme dûmny yn [[Hoarn]] op [[Skylge]], yn [[Roden]], [[Stryp]] en yn in [[Snits]]. Hy wie mei oprjochter yn [[1908]] fan it [[Kristlik Frysk Selskip|Kristlik Frysk Selskip foar Fryske taal en literatuer]]. Ds. Wumkes wie fan [[1910]] oant [[1936]] learkrêft [[Hebrieusk]] op it Snitser Gymnasium. Yn [[1924]] waard er beneamd ta bibliotekaris fan de Provinsjale biblioteek. Fjouwer jier letter folge it foarsitterskip fan de [[Fryske ûnderwiisrie]], dy’t bysûndere learstoelen wist te besetten foar it Frysk oan de hegeskoallen yn [[Amsterdam]] en Utert. Wumkes hat ferskate wittenskiplike en histoaryske boeken skreaun, foaral oer de skiednis fan [[Fryslân]].