Dowestien: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl: en ôfbylden fan oare wikip.
 
tikflaterkes
Rigel 2:
[[Ofbyld:Servian Wall-Termini Station.jpg|thumb|250px|Oerbliuwsels fan in dowestiennen Servyske Muorre yn Rome]]
 
'''Dowestien''', '''tuf(fyt)''' of '''tufstien''' is in [[sedimintêr stiente]] fan [[fulkaan|fulkanysk]] materiaal; [[fulkanoklastysk stiente]]. It kin bestean út ferskate komponinten, mar de [[matriks (geology)|matriks]] is fulkanyske jiske. Hjiryn binne stientefragminten werom te finen fan de fulkaan of it omlizzemdeomlizzende stiente. Ek fulkanysk glês ([[obsidiaan]]) wurdt yn dowestien oantroffen.
 
== Untstean ==
Tufstiensoarten wurde ôfsetten om eksplosive fulkanen, wêrdêr't jiske en pún de atmosfear ynstjitten wurdt, faak mei materiaal fan eardere ôfsettings derby, en delkomt mei de stientefragminten "driuwend" yn de jiskematriks. Omdat de grutste en swierste brokstikken it tichtstby del foelen, is it materiaal dat it fierst fan de boarnefulkaan ôfsetten waard it fynste en meast lykmjittich ôfsetten. Nei ferrin fan tiid ferhurde dit pún trochdat wetter yn de laach krong en hjirmei reagearde, wêrtrochdêr't dowestien troch ûntstie. Der binne dowestienformaasjes bekend fan 230 km² mei in gemiddelde dikte fan 30 meter. <ref> Natuerstien yn Monuminten, A. Slinger/H. Janse/G. Berends, Rykstsjinst foar de Monumintesoarch, Zeist, twadde printinge, side 27 </ref>
 
Moaie en geologysk jonge (midden-[[Tertiêr]] oant [[Pleistoseen]] âlderdom) foarbylden binne te finen yn de [[Eifel]].
Rigel 14:
Yn de [[Midsieuwen]] waard it yn [[Fryslân]] faak brûkt as boumateriaal foar tsjerken. It waard doe út de Eifel helle en ferhannele yn plakken as [[Utert (stêd)|Utert]] en [[Dimter]], wêrnei't it oer de [[Ryn]] en [[Isel]] ferskepe waard. De âlderdom fan tsjerken kin hjirtroch faak better bepaald wurde. Fan de [[13e ieu]] ôf waard dowestien hieltyd faker ferfongen troch oare stiensoarten dy't út de omkriten fan it bouplak helle wurde koenen, lykas [[bakstien|bakstiennen]].
 
By de bou fan [[kastiel Fredenburch]] yn Utert yn de [[16e ieu]] waard ek dowestien brûkt. De ItaljaanseItaljaanske stêd [[Orvieto]] is op in heech plato fan dowestien boud.
 
== Soarten tuf ==
Der bestean mear as 5000 soarten dowestien, yn in grut ferskaat fan kleuren en hurdheidsgraden, die ofwol yndield wurde nei de gearstalling ([[porfier]]tuf, [[basalt]]tuf, [[trachyt]]tuf en [[leusyt]]tuf); ofwol nei it fynplak.
<ref>Slinger, Natuerstien in Monuminten </ref>
Yn Fryslân en Nederlân binne benammen de DútseDútske in soad tapast, benammen
*[[Ettringer dowestien]]
*[[Römer dowestien]]