LAB: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 6:
Troch oername fan in oantal oare busûndernimmings (as lêste de fa. ''Boonstra'' út [[Wommels]] yn 1941) en in lineruil mei de [[Nederlânske Trwamwei Maatskippij|NTM]] yn 1949 krige it LAB-ferfiersgebiet syn úteinlike foarm yn de fjouwerhoeke [[Harns (stêd)|Harns]] / Ljouwert / Snits / [[Makkum]], nei it westen begrinze troch de [[Iselmar]]. De ferbining nei Holwert ( - It Amelân) foel dêr bûten; dizze wie yn 1942 oerdroegen oan de [[Noard-East-Fryske Autobusûndernimming|NOF]] yn [[Dokkum]].
 
Troch LAB-gebiet ried nei de iepening fan de [[Ofslútdyk]] ek de busline fan [[Nederlânske Spoarwegen|NS]]-[[dochterûndernimming]] [[Algemiene Transport Undernimming|ATO]] fan Ljouwert oer Harns nei [[Alkmaar]] mei in sydtûke fan [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] oer Snits. Nei de [[Twadde WrâldoalochWrâldoarloch]] waarden dizze linen, ûndanks protest fan de LAB, oerdroegen oan twa oare NS-dochters, NTM en [[NederlânskeNederlandsche AutobusûndernimmingAuto Car Onderneming|NACO]], dy't dêrmei twa haadferbiningen binnen it oan de LAB tawiisde ferfiersgebiet hienen.
 
Yn de jierren nei de oarloch konsolidearre him de posysje fan de LAB en fersoarge dit bedriuw fanút festigingen yn Ljouwert en [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] de linetsjinsten mei ûngefear 35 autobussen en 65 personielsleden. Dêrneist wie de LAB ek aktyf as [[touringcar]]bedriuw en hie him - mei de oare Fryske ferfierders NTM, NOF, [[Autobedriuw "De Súdwesthoeke"|ZWH]] en [[Ljouwerter Autobus Undernimming|LABO]] - oansluten by de reisorganisaasje ''Cebuto''.