Eeltsje Boates Folkertsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kat
Rigel 15:
Yn [[1924]] waard Folkertsma de lieder fan it Kristlik Frysk Selskip. Sa spile er ek mei yn de hiele [[Fryske beweging]]. By alles wat der tusken de beide Wrâldkrigen yn dat ferbân oprjochte is hat Folkertsma mei oan ‘e widze stien.
 
Yn [[1940]] die it al gau bliken dat de Dútsers, wêrûnder Eastfriezen, belangstelling hienen foar de Fryske beweging. Om nazifikaasje fan de beweging tsjin te gean, waard [[31 july]] 1940 in trijemanskip yn ‘t libben roppen fan Ds. [[Jacob JetzesJetses Kalma]] foar it [[Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse]], Folkertsma foar it Kristlik Frysk Selskip en [[Rintsje Pieters Sybesma]] út de mear nasjonaal-sosjalistyske streaming. Dizze mylde foarm fan kollaboraasje waard opset as beskerming tsjin slimmere nasjonaal-sosjalistyske ynfloed.
 
Yn jannewaris [[1941]] krigen Kalma en Folkertsma lykwols spul mei Sybesma, en besletten as twamanskip fierder te gien. Hja koenen sa lykwols de waaksende ynfloed fan de Dútsers net tsjinhâlde. Yn 1942 krigen de Fryske net-Dútsksinde blêden gjin papier en oare fasiliteiten mear. It twamanskip is doe noch in jier fierder gien mei in paad út te lizzen foar de tiid fan nei de oarloch. Ein [[1943]] waard het twamanskip troch de beiden opheft.