Skiednis fan It Amelân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 24:
 
== Moderne Tiid ==
[[Ofbyld:Ameland Kapiteinswoning.jpg|left|thumb|200px|kapiteinswenning op Amelân]]
Yn [[1795]] makken de [[Patriotten]] in ein oan 'e Republyk en moast steedhâlder [[Willem V]] flechtsje. Nei't yn [[1798]] it Amelân by de nij foarme [[Bataafske Republyk]] ynlive wie, waarden krekt as op it fêstelân ek op it eilân de Oranjes ferfallen ferklearre fan al harren besittings en weardichheden. Yn [[1801]] kaam it eilân as in ''mairie'' (letterlik "boargemasterskip") by it departemint Fryslân. Yn [[1814]], doe't de Frânsen al wer in jier ferdreaun wienen en Nederlân in keninkryk wurden wie, waard dat nochris befêstige, sadat der foargoed in ein kaam oan 'e útsûnderlike steatkundige posysje fan it Amelân. Wol krige kening [[Willem I]] fansels alle besittings en rjochten fan syn geslacht op it eilân werom.